Fryske Anjer
De Fryske Anjer is in Fryske kultuerpriis dy't útrikt wurdt troch it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân. De priis wurdt jierliks takend oan in persoan, feriening of ynstelling dy't him bysûnder ynset hat foar de Fryske kultuer of natoer yn de breedst mooglike betsjutting. De priis is de measte jierren in kombenaasje fan in jildbedrach fan € 2.500 en in spjelde dy't ûntwurpen is troch keunstneresse Antonia Talamini.
Priiswinners
bewurkje seksje- 2023 - Hylke Speerstra foar syn betsjutting foar de Fryske kultuer
- 2022 - Hilde Mulder foar har ynset foar it Fryske jeugdtëater
- 2021 - Jentsje Popma foar syn bestjutting foar de Fryske byldzjende keunst
- 2020 - De Kast, mear as 30 jier ynset foar de Fryske popmuzyk, taal en identiteit. [1]
- 2019 - Jant van der Weg foar har ynset foar de Fryske berneliteratuer.
- 2018 - Age Veldboom en Cathrienus Herrema foar it Earnewâldster skûtsjeteäter Myn Skip
- 2017 - Feriening Eastermars Lânsdouwe
- 2016 - BUOG (Bedenkers & Uitvoerders van Ongewone Gebeurtenissen)
- 2015 - Frysk Jeugd Orkest
- 2014 - Keunstroute Iepen Stâl, Aldeberkeap
- 2013 - Tsjêbbe Hettinga (postúm), dichter; foar de bydrage dy't er, mei de Fryske taal as ynspiraasjeboarne, levere hat oan de dichtkeunst yn en bûten Fryslân.
- 2012 - Bouke Oldenhof, toanielskriuwer en teäterprodusint; foar de bydrage dy't er, mei de Fryske taal as ynspiraasjeboarne, leveret oan it teäterklimaat yn en bûten Fryslân.
- 2011 - Elske DeWall, sjongster mei talint en ambysje
- 2010 - Herma Bovenkerk, befoardering byldhoukeunst
- 2009 - Hindrik van der Meer, skriuwer en fertolker fan Fryske (berne)lietsjes, organisator fan kulturele bustochten
- 2008 - It Prinsessehof, keramykmuseum
- 2007 - Baukje Wytsma, dichteres en skriuwster fan berneboeken, -musikals en lietteksten
- 2006 - Bernard Smilde, musikus en dominy
- 2005 - Ben Scheper, foarsitter en programmeur Jazzstichting Hothouse Redbad, promotor jazzmuzyk
- 2004 - Corina van Eijk, artistyk lieder fan Opera Spangea
- 2003 - Jos Thie, artistyk lieder fan teäterselskip Tryater
- 2002 - Frysk Skipfeart Museum
- 2001 - Tichelaar, ierdewurkfabryk
- 2000 - Nanne Kalma, folkmuzykant
- 1999 - Johan de Jong, saakkundige op it mêd fan goudûlen
- 1998 - Stellingwarver Schrieversronte,
- 1997 - Sintrum foar Film yn Fryslân
- 1996 - Dûnsgroep Duende, fan goreografe Grietine Molenbuur
- 1995 - Thom Mercuur, keunsthanneler, galeriehâlder, kurator
- 1994 - Frysk Fanfare Orkest
- 1993 - Iepenloftspul Jorwert
- 1992 - Oerolfestival, mei Joop Mulder, oprjochter en produsint Oerol
- 1991 - Rients Gratama, kabaretier
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|