Karst Meijer (Havelte, 1957) is in botanikus en planteûndersiker út Noardwâlde. Meijer is de oprjochter fan it Herbarium Frisicum, it grutste priveeherbarium fan Europa mei mear as 150.000 drûge planten.

Herbarium Frisicum

bewurkje seksje

As boeresoan sammelet er al sûnt syn tolfte jier planten. Syn Herbarium Frisicum ûntstie yn Noardwâlde út in persoanlike belangstelling foar plantkunde. Hy waard ynspirearre troch Douwe van der Ploeg. It begûn allegear mei in blauwe klokjesgentiaan dy't er op 15 septimber 1980 by Noardwâlde fûn. Meijer gie doe nei de Middelbere Túnbouskoalle yn Frederiksoard. Dat wie de ympuls foar syn herbariumhobby. Earst socht er planten yn syn direkte omjouwing, letter yn hiel Europa. Meijer sjocht herbariums as ûnderdak foar botanysk erfguod en wurket mei frijwilligers oan it behâld en útwreidzjen fan de kolleksjes. Yn 2013 ferhuze Meijer nei Drinte en ferhuze de kolleksje mei him nei Wapserveen. Ein 2014 ferhuze it herbarium werom nei Fryslân. Herbarium Frisicum sit no yn in eardere doarpsskoalle yn Wolvegea.

Hynsteblommen en toarnbeien

bewurkje seksje

Meijer hat him as botanikus spesjalisearre yn hynsteblommen en toarnbeien. As tank foar 40 jier ûndersyk nei toarnbeien waard de Amerikaanske toarnbeisoarte Rubus Meijerianus nei him neamd. Rubus is Latyn foar toarnbei, Meijerianus in ferwizing nei syn fan. [1] Yn 2023 krige Fryslân der offisjeel twa nije toarnbeisoarten. Dêroer waard publisearre yn it botanyske fakblêd Gorteria fan Naturalis. De nije soarten waarden troch Meijer ûntdutsen en omskreaun.[2]

Guon ekologen beskriuwe de hynsteblom as in soarte mei in soad ferskiningsfoarmen, oare spesjalisten werkenne yn hiel Nederlân oant mear as tûzen soarten. Om ta in goede herkenning te kommen, ûnderskiedet Meijer yn syn Fjildgids tsien ferskillende seksjes, wêrby't de seksje Taraxacum (greidehynsteblom) de meast algemiene is en de seksje Palustria (moerashynsteblom) de meast bedrige. Meijer hat oersichtlike nije determinaasjekaaien makke. Middels dy kaaien en hûnderten foto’s kinne natoerleafhawwers de grutte soarterykdom op namme bringe.

Túnûntwerper

bewurkje seksje

Karst Meijer waard letter túnûntwerper, túnker en eigner fan ferskate modeltunen.[3] As ûnderdiel fan it keunstplan Diever, Village of Shakespeare, ûntwurp hy Shakespeare-tunen by it nije gemeentehûs en alle griene yngongen nei it doarp Diever. Meijer waard ynspirearre troch de tradisjonele tunen yn Stratford-upon-Avon (GB), it berteplak fan William Shakespeare. Doe't er de Shakespeare-tún yn it Teater ûntwurp, ûntduts er in soart toarnbeien dy't earder ûnbekend wie. De toarnbei krige de Latynske namme Rubus Williamii.[4]

Karst Meijer krige yn 2024 it Griene Lintsje foar syn wurk mei it Herbarium Frisicum. Dy priis wurdt útrikt oan minsken dy't har op in bysûndere wize ynsette foar duorsumens en miljeu.[5]

Yn 2024 waard him ek de Fryske Anjer takend.[6]

  • Karst Meijer, Erik van der Ham - Veldgids Paardenbloemen taxonomie – herkenning – ecologie (2023) (ISBN 9789464710274)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Amerikaanse braam vernoemd naar Havelter: 'Dit is beter dan een lintje', RTV Drenthe, 11 juny 2021
  2. Twee nieuwe braamsoorten opgenomen in officiële lijst van Naturalis, Omrop Fryslân, 2 maaie 2023
  3. Het "joods herbarium" Een zoektocht naar de makers. 14 desimber 2011
  4. Shakespearan Garden
  5. Herbarium Frisicum in Wolvega van Karst Meijer onderscheiden met het Groene Lintje 2024, www.stellingwerf.nl, 17 juny 2024
  6. Fryske Anjer voor Herbarium Frisicum van Karst Meijer, webside Stellingwerf, 16 oktober 2024