Herbarium Frisicum

Herbarium Frisicum is in spesjale kolleksje droege planten fêstige yn Wolvegea. It herbarium waard oprjochte yn 1979 troch Karst Meijer en befettet mear as 150.000 eksimplaren en is dêrmei ien fan de grutste partikuliere kolleksjes fan droege planten yn Europa.

It Herbarium Frisicum is net allinnich in samling planten, mar ek in sintrum foar botanysk ûndersyk en ûnderwiis. Dat bart troch it sammeljen fan droege plantekolleksjes. Der wurde geregeld eveneminten en lêzingen organisearre om kennis te dielen oer planten en har behâld. Sa kin in bydrage levere wurde oan wittenskiplik ûndersyk. Troch de kennis oer te dragen wurdt in bydrage levere oan kultureel bewustwêzen. It herbarium is tagonklik foar besikers en kin troch biologystudinten brûkt wurde foar ûndersyk. De ûntwikkeling fan dit herbarium is in grutte ympuls foar it tanimmen fan kennis oer biodiversiteit fan de plantewrâld.[1]

Om yn de kolleksje opnommen te wurden, moat oan minimale easken foldien wurde. It wichtichste is dat dúdlik dokumintearre is wêr en wannear't de planten sammele binne. De kolleksje bestiet neist droege planten ek in 'wiete' kolleksje fan planten op sterk wetter. De kolleksje omfettet moassen, koarstmoassen en ferskate bysûndere herbariums. Underdiel fan de kolleksje binne wrâldferneamde âlde herbaria, lykas it Joadske Herbarium, it Seewierherbarium en it Apteekherbarium. It âldste herbarium is it Marineherbarium út 1854.

Troch de ferbettere dna-techniken kin tsjintwurdich dna-materiaal út droege planten helle wurde. Dêrtroch is it herbarium ek in bewarplak fan dna wurden wêrmei't soarten mooglik wer yntrodusearre wurde kinne. Sa binne sa'n hûndert Fryske kultuerplanten yn syn herbarium opnommen. It giet dan ek om fjirtich soarten Fryske jirpels, dy't taheakke binne oan de 'wiete' kolleksje. De kolleksje komt meastentiids fan partikulieren, mar ek universitêre kolleksjes fan droege planten geane nei Wolvegea. Sa kaam ein 2019 in spesjale kolleksje ierappelsoarten fan de Radboud Universiteit Nymwegen.[2]

In diel fan it Herbarium Frisicum is yn 2020 oerdroegen oan it Frysk Lânboumuseum. [3]

Karst Meijer

bewurkje seksje

Herbarium Frisicum waard yn 1979 begûn troch Karst Meijer. Syn Herbarium Frisicum ûntstie yn Noardwâlde út in persoanlike belangstelling foar plantkunde. Hy waard ynspirearre troch Douwe van der Ploeg. It begûn allegear mei in blauwe klokjesgentiaan dy't er op 15 septimber 1980 by Noardwâlde fûn. Meijer gie doe nei de Middelbere Túnbouskoalle yn Frederiksoard. Dat wie de ympuls foar syn herbariumhobby. Earst socht er planten yn syn direkte omjouwing, letter yn hiel Europa. Meijer sjocht herbariums as ûnderdak foar botanysk erfguod en wurket mei frijwilligers oan it behâld en útwreidzjen fan de kolleksjes. Yn 2013 ferhuze Meijer nei Drinte en ferhuze de kolleksje mei him nei Wapserveen. Ein 2014 ferhuze it herbarium werom nei Fryslân. Herbarium Frisicum sit no yn in eardere doarpsskoalle yn Wolvegea. Karst Meijer waard letter túnûntwerper, túnker en eigner fan ferskate modeltunen.[4]

As ûnderdiel fan it keunstplan Diever, Village of Shakespeare, ûntwurp Meijer Shakespeare-tunen by it nije gemeentehûs en alle griene yngongen nei it doarp Diever. Meijer waard ynspirearre troch de tradisjonele tunen yn Stratford-upon-Avon (GB), it berteplak fan William Shakespeare. Doe't er de Shakespeare-tún yn it Teater ûntwurp, ûntduts er in soart toarnbeien dy't earder ûnbekend wie. De toarnbei krige de Latynske namme Rubus Williamii.[5]

Karst Meijer krige yn 2024 it Griene Lintsje foar syn wurk mei it Herbarium Frisicum. Dy priis wurdt útrikt oan minsken dy't har op in bysûndere wize ynsette foar duorsumens en miljeu.[6]

Yn 2024 waard him ek de Fryske Anjer takend.[7]

  • Karst Meijer, Erik van der Ham - Veldgids Paardenbloemen taxonomie – herkenning – ecologie (2023) (ISBN 9789464710274)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Herbarium Frisicum onderscheiden met het Groene Lintje 2024, www.radiocentraal.nl, 15 juny 2024
  2. Herbarium Frisicum 40 jaar: "Een opvanghuis voor collecties, een echte schatkamer", Omrop Fryslân, 6 novimber 2022
  3. Fryslân Nov -des. 2020
  4. Het "joods herbarium" Een zoektocht naar de makers. 14 desimber 2011
  5. Shakespearan Garden
  6. Herbarium Frisicum in Wolvega van Karst Meijer onderscheiden met het Groene Lintje 2024, www.stellingwerf.nl, 17 juny 2024
  7. Fryske Anjer voor Herbarium Frisicum van Karst Meijer, websife Stellingwerf, 16 oktober 2024