De Kast
De Kast wie in Fryske band dy't foaral Nederlânsktalige popmuzyk makke. Harren grutste sukses wie lykwols yn 1997 doe't se bekend waarden mei it Frysktalige nûmer In nije dei. Dit nûmer wie filmmuzyk út de Frysktalige spylfilm De Gouden Swipe. Yn itselde jier wûn De Kast ek de Fryske Poppriis. Yn 1998 wûnen se de Edison foar de bêste Nederlânske groep.
De Kast | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk, Nederlânsk | |
sjenre | Pop | |
bestean | 1996 – 2004; 2009 - no | |
prizen | Fryske Poppriis | |
âld-leden | Syb van der Ploeg | |
leden | ||
Kees Bode | ||
Nico Outhuijse | ||
Sytse Broersma | ||
Peter van der Ploeg |
Alde Kast
bewurkje seksjeDe Kast kaam yn 1992 fuort út de eardere groep Wish to Escape.
Oarspronklike besetting:
- Nico Outhuijse - drums
- Syb van der Ploeg - sang
- Kees Bode - toetsynstruminten
- Peter van der Ploeg - gitaar
- Sytse Broersma - basgitaar
Op 21 desimber 2002 joech De Kast it lêste konsert yn de âlde besetting yn de Amsterdam ArenA. Syb van der Ploeg en Nico Outhuyse giene hjirnei fierder mei in nije Ingelsktalige rockgroep Spanner.
Nije Kast
bewurkje seksjeOp 21 desimber 2002 jout De Kast it lêste konsert yn de Amsterdam ArenA. Syb van der Ploeg en Nico Outhuyse geane fierder mei in nije Ingelsktalige rockgroep neamd Spanner. Kees Bode gjit fierder mei Ubrabaya
Yn jannewaris 2003 kamen Jan Tekstra as sjonger en Fokke de Jong as drummer by de oerbleaune leden fan De Kast. Sûnt oktober 2003 hat de groep dan de namme De Nije Kast. Yn jannewaris 2004 waard de namme wer feroare nei De Kast. Om de minne plateferkeap waard besletten wer op te hâlden mei De Kast. Op 4 july 2004 jûch De Kast in ôfskiedsoptreden yn de Teatertún yn Riis.
Op 10 novimber 2006 hat De Kast noch ien kear optreden, by de Fryske Music Night yn Ljouwert. Yn 2009 waard De Kast lykwols weroprjochte.