Syb van der Ploeg
Syb van der Ploeg (Dokkum, 15 juny 1966) is in Nederlânsk popsjonger, lietsjeskriuwer en komponist fan Frysk komôf.
Libben en wurk
bewurkje seksjeVan der Ploeg waard berne yn Dokkum, mar wenne it grutste part fan syn jeugd yn De Westereen. Yn syn middelbere skoaltiid siet er op Kristlike Mafû De Saad yn Damwâld. Hy spile sûnt 1985 yn in bandsje, Wish to Escape, mei syn grutte neef Peter van der Ploeg (gitaar), Kees Bode (toetsen), Dicky Visser (Drums) en Sytse Broersma (bas). Yn 1992 beslueten se Nederlânsktalige nûmers te meitsjen. De namme waard feroare yn De Kast. Drummer Nico Outhuijse komt der by yn 1993 (yn it plak fan Dicky Visser). Harren trochbrek kaam yn 1997 mei it Frysktalige nûmer In nije dei.
Yn 2002 besluet er mei Nico Outhuijse De Kast te ferlitten en in Ingelsktalige rockband op te rjochtsjen: Spanner.
As njonkenprojekt hat Syb van der Ploeg mei de oare bandleden fan Spanner Syb & Band. Se bringe mei harren sjo in oade oan de bêste popnûmers oer alle tiden.
Yn 2005 bringt Kayak in rockopera út: Nostradamus: Fate of Man. Syb van der Ploeg hat de rol fan Julius Caesar Scaliger en giet mei op de teatertoernee.
Sûnt 12 july 2006 wie er te sjen yn de musical Rembrandt. Hy wie dêryn de alternate, de fêste ferfanger, fan haadrolspiler Henk Poort dy't de rol fan de skilder spile.
Hy song in SimmerTime en SimmerTime 2, mei Maaike Schuurmans, Piter Wilkens en Rients Gratama.
Begjin 2007 starte Syb - yn gearwurking mei û.o. Mir (better bekend as Mirjam Timmer fan earder popduo Twarres) en Julian Thomas in jûnfoljende popfoarstelling mei de populêrste Amerikaanske 'West Coast'-nûmers fan alle tiden mei de namme Motel Westcoast.
Yn 2009 die er ferskate toeren by teäter del mei de foarstelling Sonneveld Voor Altijd!, dêr't er yn 'e mande mei Frits Sissing, Trudy Labij, Suzan Seegers en Roberto de Groot ferskate lieten fan Wim Sonneveld by útfierde. Yn 2010 die er mei oan it program De beste zangers van Nederland. Op Wite Tongersdei 21 april 2011 spile er de haadrol fan Jezus yn The Passion. As protest tsjin de plannen om it sintrum fan it reedriden te bouwen yn Almeare ynstee fan yn Thialf makke Syb van der Pleg yn 'e mande mei Rients Gratama it protestliet Almere kolere[1].
Yn 2017 spile er brêgeman Van der Wal yn it Sinteklaassjoernaal.
Syb van der Ploeg is troud en hat in famke út in eardere relaasje en in famke en in jonkje út syn tsjintwurdige relaasje. Mei in eardere partner krige er yn 2004 twillingsoannen, dy't beide justjes nei de berte ferstoaren.
Diskografy
bewurkje seksjeAlbums
bewurkje seksje- Heilig vuur (2008)
Lieten (karút)
bewurkje seksje- Hert Fan Myn Gefoel
- Eltse Grins Foarby
- In nije dei
- Wa't Ik Bin (mei Maaike Schuurmans)
- Raak
- Hemel en Aarde
- Als ik jou zie (2008)
- Koningslied (2013)
Biografy
bewurkje seksje- Roely Boer, SYB van der Ploeg. Leven voor sport en muziek. Syb van der Ploeg Producties, 2019
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |