Wite Tongersdei
Wite Tongersdei is de fyfte dei yn de Goede Wike. Op dizze dei betinke kristenen it lêste jûnsmiel fan Kristus mei de tolve apostels foar de krusiging. Liturgysk wurdt de dei omskreaun as Feria quinta in coena Domini (Fyfte dei, Jûnsmiel fan de Hear").
De Wite Tongersdei is de dei foar Goed Freed. Mei de fesper begjint op de jûn fan Wite Tongersdie it Triduum Sacrum, dat wol sizze de fiering fan Goed Freed (it lijen fan Kristus), Stille Saterdei (de dea fan Kristus) en Peaskesnein (de opstanning fan Kristus). Fanwegen it lêste jûnsmiel en de troch Jezus Kristus sels ynfierde eucharisty hat Wite Tongersdei in hege status yn de liturgy. De liturgyske kleur fan Wite Tongersdei is wyt, dêr't de dei de namme oan ûntlient.
Op de foarjûn fan de dei wêrop it ferstjerren fan de Hear betocht wurdt, binne der tal fan tsjinsten yn protestanske en katolike tsjerken om it sakramint fan it Hillich Jûnsmiel te fieren. It is in katolyk gebrûk om op Wite Tongersdei de krúsbylden en oare bylden mei in wyt lekken ôf te dekken. Ek wurdt it Hillich Sakramint út it tabernakel helle en oerbrocht nei in rêstalter. Under it sjongen fan it Gloria liede de klokken om dêrnei te swijen oant it Gloria op peaskejûn, as de earste tsjinst plak fynt om de ferrizenis fan Jezus te fieren.
De ynstelling fan it jûnsmiel
bewurkje seksjeYn de oanrin nei it feest fan it ûnsuorre brea sochten de skriftgelearden en hegepreesters nei in mooglikheid om Jezus te deadzjen. Doe dreau Satan yn de apostel Judas en hy gyng nei de preesters en de timpelwacht om te oerlizzen op hokker wize hy Jezus oeleverje koe.
Op de dei fan it ûnsuorre brea joech Jezus Petrus en Jehannes opdracht om it peaskemiel klear te meitsjen. Yn de stêd kamen de twa apostels in man mei in krûk tsjin, dy't harren in grutte boppeseal sjen liet dêr't it peaskemiel plak fine koe.
Dy jûns kamen Kristus mei de apostels byinoar yn de boppeseal. Jezus wist dat Hy de oare deis stjerre soe en dêr dielde Kristus foar de lêste kear bôle en wyn mei syn apostels. Hy naam it brea, briek it en joech it de learlingen mei de wurden Dit is Myn lichem, dat foar jimme jûn wurdt, bliuw dit dwaan om my te betinken. Nei it miel naam Kristus de beker mei de wurden: Nim dizze beker en drink der út, want it is de beker fan it ivich duorjende ferbûn, dit is it bloed dat foar jim en alle minsken fergetten wurdt om de sûnden te ferjaan. Bliuw dit dwaan om My te betinken.
Deselde jûn fertelde Jezus de apostels dat hy troch it ferried fan ien fan harren oerlevere wurde soe sa't dat beskikt wie. Wylst de apostels strideraasje krigen oer de fraach wa't dat wol net wêze koe frege Judas oan Jezus wa't de ferrieder wie en Jezus andere him dat hy it wêze soe en dat hy mar gau dwaan moast wat er fan doel wie. Judas ferliet doe it selskip en de apostels hiene der gjin aan fan wat dit te betsjutten hie en tochten dat Judas, dy't ek ponghâlder wie, der op út stjoerd waard om wat te keapjen.
Nei it miel gyng Jezus mei de apostels nei de hôf fan Getsemane. Jezus sûndere Him dêr ôf en frege de apostels om te weitsjen. Mar wylst Jezus in eintsje fierderop bidt en bloed swit falle de learlingen yn sliep. As Jezus werom komt binne dêr de hegepreesters mei de timpelwachten al, dy't troch Judas oanfierd wurde. Judas rint dan op Jezus ôf en jout him as teken foar de soldaten in tút, sa't dy witte wa't hja finzen nimme moasten. It lijen fan Kristus
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wite Tongersdei fan Wikimedia Commons. |