Ubrabaya wie in Fryske bluesband en wie aktyf tusken 2001 en 2012, oprjochte troch Jan Dijkstra (Shakey Sam) en Brant Visser (Swiet & Bjuster).

Ubrabaya
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre Blues
bestean 2001-2012
âld-leden Baukje Veenstra sang
Pieter Dijkstra drums
leden
Sang Tanja Nab
Jan Dijkstra
Gitaar Herman Driesten
Oege Reitsma
Toetsen Kees Bode
Mûlharp Bas Kleine
Bas Brant Visser
Drums Ray Zeer

Yn 2001 wie Oege Reitsma (Swiet & Bjuster) der ek al gau by. Oare bandleden wiene Baukje Veenstra (sang) en Pieter Dijkstra (slachwurk). Yn 2004 giene Baukje Veenstra en Pieter Dijkstra fuort. De band waard grutter, Herman Driesten (Chicken Go Mad) kaam der as gitarist by, Tanja Nab waard de nije sjongster en Ray Zeer de nije drummer. Ek heakke Bas Kleine (Harmaniacs) as bluesharp spiler oan. Ubrabaya hat de Bluesaward 2001 wûn. Ubrabaya hat in 2005 meidien oan Liet (festival). Hja begelieden doe Uilke mei it nûmer Meitsje Wat Ljocht. Yn 2005 waard de band noch útwreide mei Kees Bode (de Kast). Ubrabaya hat trije cd's makke. Oege, Ray en Brant ha letter (Nancy and the Sinatras) oprjochte.

Ubrabaya stoppe yn 2012 fanneed fanwegen sûnensproblemen fan sjonger Jan Dykstra.