Jan Tekstra
Jan Tekstra (4 augustus 1964) is sjonger, gitarist, muzykprodusint, lietsjeskriuwer en komponist. Hy sjongt yn it Frysk, Hollânsk en Ingelsk.
Jan Tekstra | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jan Tekstra | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 4 augustus 1964 | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Lietsjeskriuwer, Muzykprodusint, komponist, | |
reden bekendheid |
Lietsjekriuwer fan û/o Marco Borsato en Volumia | |
offisjele webside | ||
webstee fan Jan Tekstra |
Hy wennet sûnt 1998 yn Heech en is benammen bekend fan syn nûmers dy't hy skreaun hat foar Marco Borsato, Herman Brood, Liesbeth List en Volumia. Hy komponearre de muzyk fan de musikal Turksk Fruit. Dêrneist is Tekstra producer, ûnder oaren foar Marco Borsato en Kane. Tegearre mei Fons Merkies komponearde hy de muzyk foar Turks Fruit. Ek hat Tekstra de muzikale lieding fan dy musical basearre op it boek Turks fruit fan Jan Wolkers. Tekstra wurke mei oan ferskate Fryske teaterproduksjes lykas De Palingopera (1998) en Dûbbeldjêrre (by gelegenheid fan it 15-jierrich bestean fan Aaipop yn 2002). Dêryn ferfolle hy teffens haadrollen.
Jan Tekstra spile yn de bands Texx en In De Steen. Ek die hy mei oan in cd fan Piter Wilkens. Mei Monique Bakker song hy it duet 'Sûnder dy'. Yn 2000 ferskynde syn earste single en yn 2002 syn earste cd mei Fryske ferskes. Oan dy cd wurken ek Wiboud Burkens (toetsen), Manuel Hugas (bas), Ton Dijkman (drums) en in koarke mei Ivar en Lydia van der Meer mei. Yn 2003 hat hy Syb van der Ploeg as sjonger ferfongen by De Kast. Yn jannewaris 2004 waard De Kast opheft en is hy fierder gong mei projekten, lykas Turks Fruit en Jan Rap en z'n maat (dy lêste as akteur).
Diskografy
bewurkje seksje- Blijf (2009)
- Tussen zoet en zout (DVD, 2004)
- Keale Ferskes (2002)
- Alde Leafde (2000)
- Nooit meer weg (1999)
- mei oaren
- De Nije Kast (mei De Kast, 2003)
- In de Steen'’ (mei de band In de Steen, 1996)
- Drowning in the Sea of Love(mei de band Texx, 1991)