Aaipop is it grutste Frysktalige popfestival dat alle jierren op Peaskemoandei hâlden wurdt yn De Mande yn Nijlân. Der wurdt ek songen yn it Stedfrysk en it Biltsk.

Aaipop
Aart Lus & Ed Lip op Aaipop 2009
Aart Lus & Ed Lip op Aaipop 2009
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Nijlân
holden yn Doarpshûs 'De Mande'
tiid fan it jier Peaskemoandei
bysûnderheden
soarte evenemint Frysktalich muzykfestival
sjenre rock, popmuzyk
bestean 1987 – no
org. troch Stifting Aaipop
offisjele webside
www.aaipop.nl

Skiednis fan Aaipop.

bewurkje seksje

Yn 1987 wurdt de earste Aaipop hâlden. Dêrfoar waard der troch de stifting Earizer en de kroechbaas Remmelt Boonstra om de twa wiken in band útnûge om te spyljen yn it muzykkafee fan Nijlân. Dit wie in grut súkses. Dêrom waard it idee oppere om it allegear grutter te organisearjen. Op Peaskemoandei moast der in muzykfeest komme mei allinnich mar Fryske bands. Boonstra hie al ris earder in Peaskepop organisearre en dêrom de namme Aaipop. Foar de organisaasje waard in spesjale festivalkommisje yn it libben roppen. Twa leden fan Stifting Earizer krigen dêryn in sit mei twa minsken dy't gauris yn it muzykkafee kamen: Lysbert Bonnema en Wietske Jorritsma. Op Peaskemoandei 1987 sette it festival foar it earst út ein. De Kafeeromte fan Boonstra waard foar it heftige wurk omboud ta 'Rockhok', de boppeseal krige de namme: 'Harksankjeseal'.

Foar it earste festival moasten der wol twa groepen út de lapekoer helle wurde, mar dy wiene yn alle gefallen wol fan histoarysk belang: Rockploech Spul en Okke Hel (mei Piter Wilkens), dy't doe al net mear bestienen, mar mei it doe ek al opdoekte Skuor de earste rockgroepen wiene dy't yn it Frysk songen. Der kamen sa'n trijehûndert minsken op ôf.

Yn 2001 wie er gjin Aaipop fanwegen de tongblier. It tal bands de edysje waakste fan 8 in 1987 oant 25 yn 2012.

Dielnimmers oan Aaipop

bewurkje seksje
80-er jierren
90-er jierren
2000 oant 2010
2010
2011
2012
2013
2014
2015

Aaipop der op út

bewurkje seksje

Aaipop organisearret sûnt 2008 elts jier in bandwedstriid yn de provinsje, 'Aaipop der op út' hjit dy. De winner fan de wedstriid mei it festival iepenje. Yn 2011 wûn Redbad, yn 2012 REKKER. De wedstriid wurdt alle jierren op in oar poppoadium holden. Oant no ta wiene dat ûnder oaren poppoadium Het Bolwerk yn Snits, Romein yn Ljouwert, Iduna yn Drachten en It Badhûs yn De Westereen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje