Bricquebec (band)

Bricquebec is in Fryske rockband oprjochte yn 1986 yn Bakkefean. De band brocht yn 1987 syn debútalbum Ik Doch't Moarn Wol út. Yn 2008 hold de band der mei op, mar makke yn 2018 in trochstart. Bricquebec hat fiif studio-albums útbrocht.

Bricquebec
band
‘’Bricquebec op Tsjoch’’
‘’Bricquebec op Tsjoch’’
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre Rock
bestean 1986 - 2008,
2018 - No
label(s) Frigram
prizen NCRV’s Popslag 1997
âld-leden Errit de Vries bas
Johan Boxem drums
Jaap Louwes mûlharp & sang
Bert van Manen gitaar
Mark Maas drums
Gert Scheffer gitaar
Simon Voogd drums
Bowe van der Wal gitaar
leden
Sang &
Gitaar
Else van der Greft
Gitaar Rinze Akkerman
Toetsen Jan Roorda
Bas Marius Bamberger
Drums Gilbert Terpstra
Bricquebec yn 2008. fan l. nei rj.: Gert Scheffer, Jan Roorda, Else van der Greft, Marius Bamberger, Gilbert Terpstra
Ofskied novimber 2008 WTC Ljouwert
Bricquebec yn 2021; fan l.n.r.: Jan Roorda, Rinze Akkerman, Else van der Greft, Marius Bamberger, Gilbert Terpstra

De band makket sûnt 1986 lûde Fryske muzyk mar ek akoestyske nûmers. De eardere bassist, Errit de Vries, seach yn syn fakânsje yn Normandje it komboerd fan it plak Bricquebec. Troch de namme op syn Frysk út te sprekken ûntstie de bandnamme. It plakje Bricquebec stammet út de tiid fan de Wytsingen Sûnt de oprjochting fan de band hie Bricquebec oer belangstelling net te kleien en hawwe se nammebekendheid opboud. Yn de begjinperioade spile de band benammen yn súdeast Fryslân, mar yn de rin fan de jierren wie de rockformaasje in bekende ferskining op alle Fryske poadiums wurden.

De leden fan Bricquebec hiene elk foar himsels troch de jierren hinne frijwat rûtine en poadiumerfaring opdien. Foar harren ynset foar de Fryske muzyk waard de band troch de provinsje Fryslân nominearre foar de Bernlef kultuerpriis 2002 dy’t yn novimber útrikt waard. De stifting Conamus hie wyls ek ynteresse foar de musyk fan Bricquebec. De muzyk fan de band waard troch Fryske muzykresinsiinten " in stik bûter yn 'e brij " neamd en bleau ek net ûngemurken by RTV Drenthe, RTV Noord én de lanlike stjoerders. De resinsint fan de Leeuwarder Courant skreau destiids oer muzyk dy’t “likefolle ambachtlikheid as leafde foar muzyk útstrielt”. Yn 1992 wie de besetting Marius Bamberger (fretleaze bas en sang), Bowe van der Wal (solo-, slachgitaar en sang), Jaap Louwes (sang en mûleoargel), Johan Boxem (drums en sang) en Bert van Manen (slachgitaar en sang). Jaap Louwes en Bert van Manen ferlieten de band yn itselde jier. Else van der Greft en Gert Scheffer namen harren plak yn. Yn 2000 wie de besetting Else van der Greft (sang en gitaar), Marius Bamberger (basgitaar), Mark Maas (drums), Gert Scheffer (gitaar) en Jan Roorda (toetsen). Drummer Simon Voogd naam wer letter it plak yn fan Mark Maas.

Bricquebec waard yn 1997 winner fan it NCRV-programma Popslag. Yn de simmer fan 1998 joech de band in konsert yn it Normandyske stedsje, dêr't Bricquebec syn namme oan ûntliende. Yn 2007 is der noch hurd wurke oan it nije album “Nachtrave”. It is in kompilaasje wurden fan alle muzikale streamingen binnen de band. De manier fan komponearjen en arranzjearen joech de band it label fan melodieuze rockband; fan akoestyske- en stevige uptempo nûmers oant en mei gefoelige ballades. Yn febrewaris 2008, inkele moannen nei it útbringen fan it album ‘Nachtrave’, besleat de band om der na mear as 22 jier muzyk meitsjen in punt efter te setten. It alderlêste konsert wie op 28 novimber 2008 by de Fryske Music Night yn it WTC yn Ljouwert. Op 25 augustus 2018 lykwols wie op útnoadiging fan it Dodo festival yn Bakkefean in reüny optreden fan Bricquebec. It noaske de bandleden sa goed dat der besletten waard om nei al dy jierren de ynstruminten wer op te pakken. Yn 2021 is de band de studio yngien en binne der fjouwer nije nûmers opnaam. Der binne plannen om wer in kompleet album op te nimmen.

Studio-albums

bewurkje seksje
Album Utbrocht yn Label singles
Ik Doch't Moarn Wol 1987 Frigram
Lit Us Mar Rinne 1992
Salang Lyn 1996 útbroch yn eigen behear Strjitlizzer
Hjoed 2002 Hjoed,
Dyn Stapke
Nachtrave 2007

Kompilaasje-albums

bewurkje seksje
Album Utbrocht yn
Aaipop: Earizer 1992
Juster Hjoed Of Moarn 1995
Aaipop: En Daverje 1996
Fryslân Muzyklân, 2 2001
Fryslân Muzyklân: 12 Fryske Hits 5 2004

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: