Jaap Louwes
Jaap Louwes (Lettelbert, Grins, 1955) is in Fryske sjonger út Haulerwyk, syn âlden hienen dêr in kafee. Nei syn havo/vwo hat er in skoftke op de pedagogyske akademy gien en die er in jier sosjale geografy. Uteinlik die er de stúdzje sosjology. Yn syn studintetiid skreau er al ferskes en wie dêrnei faak te hearren op Omrop Fryslân. Sûnt 1984 makket hy eigen ferskes. Dy gean faak oer deiske dingen, mar ek oer it needlot. It Frysk is foar him in prima blues- en rock&rolltaal. As trûbadoer stiet er leafst sa ticht mooglik by de minsken. Sa makke hy mei de gitaar op 'e rêch in kroegetocht troch It Hearrenfean. Tusken 1986-1992 wie er lid fan de groep Bricquebec.
Begjin 90-er jierren wurke Louwes mei oan in jeugd-produksje fan Tryater "De Lytse Seemearmin" en in it teaterprogramma fan Bennie Huisman "Op syk nei Eeltsje”, oer it libben fan Eeltsje Halbertsma.
Fan 2002 oant 2007 hâldt hy mei Doede Veeman, Gurbe Douwstra en Piter Wilkens in tal trûbadoersjûnen dy’t útbrocht binne op de CD's “Der Tuskenút” en “De Púndyk by del”..
Diskografy
bewurkje seksje- Mei Bricquebec:
- 'Ik doch’t moarn wol, (1988, LP)
- Lit ús mar rinne, (1992,CD)
- Solo:
- Skobberdebonk (1995, CD)
- Fratsen (2001, CD/DVD)
- Set 'm op mei De Lossebinde (2019, CD)
- Mei Doede Veeman, Gurbe Douwstra en Piter Wilkens:
- Der Tuskenút (2004)
- De âlde púndyk by del (2007)
- Op sammel CD's:
- Earlik sein op Tsjoch 1 In priuwke (1992)
- Kameleon op Tsjoch 2 Noch mar ien (1994)
- De Waldwei ♫ ♪ mei de Basic Big band en Rock & Roll yn Fryslan mei Piter Wilkens op Trochstrings & Ko (1998)
- Hup! Sûpengroattenbrij en Dranklief op Rûzje wyn ....(2000) útjefte: Afûk