Bennie Huisman
Bennie Huisman (It Hearrenfean, 6 juny 1947) is in Frysk sjonger-ferteller, muzikant en skriuwer. De lêste jierren hat er him mear op it skriuwen rjochte.
Bennie Huisman | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 6 juny 1947 | |
berteplak | It Hearrenfean | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjongtaal | Frysk, Grinslânsk, Stedfrysk, Nederlânsk | |
ynstrumint | sjonger, akkordeon | |
jierren aktyf | 1990 - no |
Biografy
bewurkje seksjeYn de jierren ’70 die er syn earste skriuwûnderfining op middels it oersetten & werdichtsjen út it Dútsk fan koarwurken en it skriuwen fan musicals foar middelbere skoalle-bern – sawol yn it Frysk as it Nederlânsk. Dêrnei folgen lietsjes om sels te sjongen, sawol oerset as oarspronklik, poëzij (in bondeltsje yn eigen behear) en ferhalen. Yn it Frysk, om priis & preemje: de Rely-Jorritsma. Dêrnei skreau er muzykteaterfoarstellings om sels te spyljen. Mei in literêre ynslach & titels as: De sjonger, De skipper, De wite walfisk, Op syk nei Eeltsje, Weemoed & Irony en De loftfytser.
As sjonger & ferteller wurke er sûnt de jierren tachtich op plakken fan húskeamer oant teater en fan ferpleechhûs oant tsjerke, fan strjitte oant boat. Simmerdeis giet er der as trûbadoer op ‘e fyts op út mei syn akkordeon. Dan siket er in gaadlik plakje, docht it kofferke iepen en sjonge mar.. Op ‘e strjitte, yn it sintrum fan in doarp, plak of stêd. Yn Fryslân of ûnderweis yn Nederlân en Europa.
De measte optredens binne ‘solo’, mar hy treedt ek wol op mei ferteller Douwe Kootstra of pianiste Corinne Staal. Syn eigen lietsjes skriuwt er yn it Frysk, Grinslânsk, it Stedfrysk en it Nederlânsk. Mar sa no en dan skriuwt er ek yn it Dútsk, Italjaansk en Ingelsk.
Yn 2010 kaam syn earste roman, Lytse histoarje fan langst, út. It jier dêrop ferskynde de ferhalebondel Tusken dream & die mei in CD. Op 8 septimber waard it presintearre yn it Frysk Natuermuseum yn Ljouwert. Oan de CD hawwe ferskate muzikanten meiwurke, ûnder oare Corinne Staal en Frederike Kleefstra. Yn de bondel dy't der by heart, binne neist de lietteksten en ferhalen om dy teksten hinne ek: reisferhalen, biografyske ferhalen, in koarte novelle en moai wat illustraasjes te finen.
Augustus 2012 ferskynde fan syn hân in biografysk boek oer de dichter en foardrager Wibren Altena fan Makkum: Wibren Altena, in swalker yn ‘e geast. By it boek heart ek in CD mei histoarysk materiaal: in sântal lietsjes en sân foardrachten troch Wibren Altena sels. It boek waard presintearre op 23 septimber 2012 yn Makkum.
Wurk
bewurkje seksjePoëzij en proaza
bewurkje seksje- Reis- bondeltsje mei ferhalen, poëzij en lietteksten om it tema "Reis" hinne.
- De rop fan it wetter, (ferhalebondel, 1990)
- Quatta reisskrift yn 3 dielen
- Sânfurd (novelle)
- Hûs oan see / Huis aan zee, mei Frederike Kleefstra en Jaap Louwes, twatalige bondel útkommen mei poëzij en lietteksten, mei dêryn in CD (2007)
- De Forel (oersetting nei Franz Schubert, Die Forelle)[1]
- Eeltsje & ik, bondel 'biografyske reisferhalen' om it libben en wurk hinne fan Eeltsje Halbertsma (2008)
- Lytse histoarje fan langst (roman, 2010)
- Tusken dream & die (ferhalebondel mei CD, 2011)
- Wibren Altena, in swalker yn ‘e geast (biografy fan Wibren Altena mei CD, 2012)
Muzyk
bewurkje seksje- De Beste fan Omrop Fryslân mei oaren (Frigram FGCD 518, 1992)
- De Beste fan Omrop Fryslân, diel 2 mei oaren (Frigram FGCD 527, 1993)
- Lietsjes mei Frederike Kleefstra (1999)
- Sânfurd (mei boek, 1998)
- Fan 'e souder op 'e flier(2000)
- It griene liet (2004)
- Waterland (2005)
- De walfiskvaarder" (Eigen útjefte, 2009)
- Hoor thans weer die droeve mare (10 jankfodden)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|