Frederike Kleefstra

Frederike Kleefstra (Terherne, 1960) is in Fryske sjongster út Ferwert. Se gie nei it stedsgymnasium yn Ljouwert. Se sjongt meast harklietsjes en ballades.

Yn it teäterseizoen 2005/2006 hie se mei Corinne Staal in eigen foarstelling ‘Oerémis’. It meast bekend fan har is it nûmer Grutte grize fûgel.
Yn 1991 song se mei Inez Timmer Wy geane ús eigen paad yn de finale fan Liet '91. Letter song se ek by de folkrockgroep Om 'e Noard en wurke mei oan CD´s fan Bennie Huisman. By konserten en op har CD´s wurdt Frederike faak begelaat troch Corinne Staal. Yn 2012 en 2013 lieteprogramma mei Sânman en Sikke.

Diskografy bewurkje seksje

  • Hoe fyn ik wurden (1996)
  • Hûndert kear dyn namme (2003)

Mei oaren:

  • De Beste fan Omrop Fryslân (1992)
  • De Beste fan Omrop Fryslân, diel 2 (1993)
  • Beklonken Leafde (1997) fan Bauke vd Woude
  • Trochstrings & Co (1998)
  • De Beste fan Omrop Fryslân, diel 3 (1998)
  • Lietsjes (1999) fan Bennie Huisman
  • Rûzje wyn..., lieten út Fryslân sjongt (Omrop Fryslân Afûk 001, 2000)
  • Fryske stjerrejûn (2001)
  • Ald & Nij, diel 2 (ProActs Procd 2061, 2001)
  • Hûndert kear dyn namme mei Corinne Staal (Marista SSST 04, 2003)
  • Hûs oan see / Huis aan zee, mei boek (200?) fan Bennie Huisman
  • Fryskestjerrejûn - DVD (2006)
  • De walfiskvaarder (eigen útjefte, 2009) Bennie Huisman

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: