Poppoadium Romein
Poppoadium Romein waard yn septimber 2006 oprjochte en hat him ûntwikkele as poppoadium fan Ljouwert. It gebou stiet oan de Beginestrjitte, flakby it Hofplein.
De Fryske poptimpel
bewurkje seksjePoppoadium Romein programmearret alle wiken in breed programma. It poadium is tige súksesfol mei syn metalprogramma. Grutte nammen as Entombed, Behemoth, Amorphis, Gorgoroth, Impaled Nazarene, Marduk, Vader, Ensiferum en Sepultura treden hjir op. Troch de karakteristike sfear wurdt it poppoadium ek wol 'lyts Paradiso' neamd, nei poppoadium Paradiso yn Amsterdam.
De grutte seal fan Romein hat in kapasiteit fan 500 besikers. Ek binne der mei regelmaat optredens yn it kafee, dat romte biedt oan 125 besikers. Der wurklje in soad frijwilligers yn Poppoadium Romein dy't wurkje yn de hoareka, technyk, promoasje, ljocht en lûd. De deiske lieding is yn hannen fan in professjonele stêf.
Tsjerke
bewurkje seksjePoppoadium Romein sit yn de eardere Westertsjerke, fan oarsprong de kapel fan it begynhof. Sûnt 1992 siet hjir Teater Romein, neamd nei stedsarsjitekt Thomas Adrianus Romein, dy't de tsjerke yn 1845 ferboude.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |