Thomas Romein

(Trochwiisd fan Thomas Adrianus Romein)

Thomas Adrianus Romein (Ljouwert, 16 desimber 1811 – Ljouwert, 24 febrewaris 1881) wie in Fryske arsjitekt.

Beheinde biografyBewurkje

Thomas Romein wie de soan fan de timmerman Jacob Romein. Nei de skoalle yn Ljouwert studearre hy yn Rotterdam. Yn 1843, neidat hy earst yn tsjinst west hie fan Wettersteat, waard hy stedsarsjitekt fan Ljouwert. Fan 1874 oant 1881 wie Romein ek direkteur gemeentewurken en hy organisearre de Ljouwerter brânwar.[1]

Yn 1860 sloech Romein in oanbod fan de gemeente Utert foar de funksje fan stedsboumaster ôf fanwegen in neffens him te leech salaris. As stêdsboumaster woe er neutraal de publyke saak tsjinje kinne en syn salaris net oanfolle moatte mei opdrachten foar partikulieren.[2]

Hy ûntwurp benammen neoklassisistyske gebouwen.

Inkele wurkenBewurkje

Plak Wurk Jier Ofbyld
Dokkum Doopsgesinde tsjerke 1852  
Ljouwert Haadwacht 1845
Ljouwert Paleis fan Justysje 1851  
Ljouwert Likehúske begraafplak Spanjaardsleane 1874
Ljouwert Middelbere skoalle foar famkes, Grutte Tsjerkestrjitte 12 1876
Ljouwert Beurs- en waachgebou 1880  
Ljouwert Steedlik Gymnasium 1881  
Menaam Gemeentehûs 1843
Pitersbierrum Tsjerke 1845
Sint Jabik Groate Kerk 1844  
Terbant Rotondetsjerke 1845  

LiteratuerBewurkje

  • Yedema, G., Thomas Romein; Neoclassicisme in Friesland, Ljouwert 1992.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Brouwer, J. H. en oaren (red), Encyclopedie van Friesland, 1958. Romein, Thomas
  2. Boschma, C., Thomas Romein, in classicistisch bouwmeester in het Friesland van de 19e eeuw, in Opus Musivum, side 449, 449.

---