Pitersbierrum

Pitersbierrum is in doarp yn de gemeente De Waadhoeke, west fan Seisbierrum. It doarp hat 146 ynwenners (2009).

De himrik fan Pitersbierrum.
Tsjerke fan Pitersbierrum yn 1968

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Pitersbierrum diel út fan de gemeente Barradiel.

Pitersbierrum foarmet mei Seisbierrum in soart dûbeldoarp, omt beide doarpen de lêste 60 jier oan elkoar groeid binne en fierder mei inoar ferweve binne. Doe't it gemeentehûs yn it dûbeldoarp kaam is ek fuortendaliks de skiedsline tusken beide doarpen in lytse hûndert meter opskood om der foar te soargjen dat it gemeentehûs yn Seisbierrum kaam te stean. Sûnt ein 2008 is it âld-gemeentehûs yn gebrûk as Thomashûs.

MienskipBewurkje

Doarpshûs “It Waad” oan de Skoalstrjitte is foar Seisbierrum/Pitersbierrum.

FerieningsBewurkje

  • Euphonia - koar

BefolkingBewurkje

Berne yn PitersbierrumBewurkje

StrjittenBewurkje

Breed Plak, Hearewei, Hoarnestreek, Hoarpaad, Leane, Liauckamaleane, Skippersdykje, Van Hottingawei, Walburgastrjitte.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: