Thomashûs
Thomashûs is in Nederlânsk netwurk fan wenfoarsjenningen op lytse skeal foar minsken mei in ferstanlike beheining.
Skiednis
bewurkje seksjeIt netwurk waard yn 2003 oprjochte troch Hans van Putten, dy't sels in soan mei in ferstanlike beheining hie, Thomas, dy't yn 2006 kaam te ferstjerren. Meidat er net tefreden wie mei it oanbod fan wenplakken foar ferstanlik handikapte persoanen yn soarchynstellingen, betocht Hans van Putten it konsept Thomashuizen.
Konsept
bewurkje seksjeIn Thomashûs biedt wenromte oan acht folwoeksenen mei in ferstanlike beheining. It hûs wurdt laat troch in troud pear of partners mei in fêste relaasje mei in profesjonele eftergrûn op it mêd fan handikeptesoarch. Sokke 'soarchûndernimmers' wenje sels yn it hûs. Elts Thomashûs is feitlik in selsstannich bedriuwke (franchise). Dat de groepslieders binne ek managers en kinne direkt ynspylje op de soarchfraach fan de bewenners nei eigen berekkening.
Der wurdt wurke neffens eigen rjochtlinen en kwaliteitseasken fan Thomashuzen Nederlân. Jierliks wurdt de kwaliteit hifke troch in ûnôfhinklike organisaasje. Yn 2011 wiene der 90 Thomashuzen yn Nederlân, ein 2014 wiene dat al 112 en yn 2022 118.
Op 28 maaie 2015 krige de formule Thomashuzen de NFV Franchise Trofee 2015 útrikt. Dy fakpriis foar franchiseformules wurdt alle jierren útrikt op de jierdei fan de Nederlandse Franchise Vereniging (NFV).
Fryslân
bewurkje seksjeYn Fryslân binne der Thomashuzen yn ûnder oaren Arum, Damwâld, Jirnsum, Mitselwier, Mûnein en Sumar.