Tsjerke fan Pitersbierrum

De Tsjerke fan Pitersbierrum is de eardere herfoarme tsjerke fan Pitersbierrum. It gebou krige yn 2000 in nije funksje en docht tsjintwurdich tsjinst as skildersatelier. Tsjerklik falle de protestantske ynwenners fan Pitersbierrum ûnder de PKN-gemeente Seisbierrum-Pitersbierrum.

Tsjerke fan Pitersbierrum
Piterstsjerke
Piterstsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Pitersbierrum
adres Tsjerkhôfspaed
koördinaten 53° 12' N 5° 28' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Sint-Piter
status Bûten gebrûk steld
no (2023) in atelier
Arsjitektuer
arsjitekt Th. Romein
boujier tsjerke: 1845, toer: 1878
boustyl Neoromaanske arsjitektuer
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8654 en 512699[1][2]
Kaart
Tsjerke fan Pitersbierrum (Fryslân)
Tsjerke fan Pitersbierrum
 
De âlde ynrjochting (1959)

Foar de reformaasje wie de tsjerke fan Piterbierrum wijd oan de apostel Petrus.[3] Under flier fan de tsjerke lizze in pear deksels fan de sarkofagen fan de pastoars Ulbe († 1469) en Hessel († 1476).[4].

Op 13 oktober 1843 waard Pitersbierrum troffen troch swier waar en sloech de bliksem yn op de tsjerketoer. De tsjerke baarnde oant op de bûtenmuorren hielendal ôf. Mei de ynrjochting gyng ek it yn de jierren 1839-1841 boude oargel fan Willem van Gruisen ferlern.

De tsjerke waard fuort neffens in ûntwerp fan Thomas Romein wer opboud en yn 1848 krige de tsjerke ek wer in nij oargel fan de firma Van Dam út Ljouwert. De bou fan de toer folge letter yn 1878.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de klok út de toer helle, dy't yn 1949 ferfongen waard troch in nije klok.

Yn de jierren 1980 waard de tsjerke bûten gebrûk steld. Sûnt 2000 is yn de tsjerke in atelier ûnderbrocht. Fan de âlde ynrjochting is útsein de preekstoel fierder neat mear oanwêzich.

Der hat in skoft lyn reboelje west om de klok, doe't de eigner dy ferkeapje woe oan de doetiidske gemeente Frjentsjerteradiel. De gemeente woe de klok yn 'e toer fan de Martinytsjerke hingje. De bewenners kamen dêrtsjin yn 't ferset om't hja sels foar de ferfanging fan de yn 'e oarloch foardere en omraande klok betelle hiene. Sadwaande fûnen hja ek dat hja ek de eigners fan 'e klok wiene en dat in oar net samar harren klok ferkeapje koe. De striidbile waard begroeven nei't de bewenners yn 't lyk steld waarden.[5]

It oargel fan de tsjerke datearre fan 1848 en wie boud troch Van Dam út Ljouwert. De firma L. Verschueren út Heythuysen ferhûze it oargel yn 1988 en boude it op yn de doe herfoarme en no protestantske tsjerke fan Hoogkerk, Grinslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: