Sint-Jabik

(Trochferwiisd fan Sint Jabik)

Sint-Jabik (Frysk en Biltsk) is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Sint-Jabik leit noardlik fan Minnertsgea, súdeastlik fan De Westhoek, westlik fan Sint-Anne en besuden de Waadsee. De doarpskearn fan Sint-Jabik leit om de krúsing fan de Zuideinde, Oosteinde, Westeinde en Georg van Saksenstrjitte hinne, dêr't de Grutte Tsjerke fan Sint-Jabik ek stiet.

Sint-Jabik
Grutte Tsjerke
Grutte Tsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 1.715 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 23,21 km², wêrfan:
- lân: 22,90
- wetter: 0,31 km²
Befolkingsticht. 75 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 16' N 5° 36' E
Offisjele webside
Side Sint-Jabik
Kaart
Sint-Jabik (Waadhoeke)
Sint-Jabik

De buorskippen De Oasthoek (diel), Smidshuzen, Swarte Harne en 't Hoeky hearre ek by Sint-Jabik. Earder hearde De Westhoek ek by Sint-Jabik, mar dat is sûnt 1991 in selsstannich doarp.

Sûnt 2018 leit Sint-Jabik yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente It Bilt.

Sint-Jabik hat 1.715 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Sint-Jabik ûntstie yn 1505 doe't It Bilt troch arbeiders út ûnder mear Súd-Hollân, Seelân en Fryslân yndike waard. It hiet yn it earstoan Wijngaarden, nei it Súd-Hollânske Wijngaarden wêr't de nije bewenners wei kamen. It nije Wijngaarden foarme in Roomske parochy, dy't oan de apostel Jakobus wijd wie. Nei ferrin fan tiid gie de namme fan de parochy oer op it doarp. In oare mooglikheid is dat it doarp ferneamd waard nei Jacoba, de frou fan ien fan eallju dy't it gebiet oanmeitsje lieten.

Oant de weryndieling op 1 jannewaris 2019 wie Sint-Jabik ien fan de doarpen fan de gemeente It Bilt.

Grutte Tsjerke

bewurkje seksje
 
Georg van Saksenstrjitte 3, pastorij
  De Wikipedy hat ek in side Groate Kerk.

Om 1530 waard in bakstiennen tsjerke boud dy't tsjinst die oant 1843. Yn dat jier waard de tsjerke ôfbrutsen; allinnich de tsjerketoer út 1669 bleau stean. Om dy toer hinne waard nei in ûntwerp fan arsjitekt Thomas Romein út Ljouwert yn 1843-1844 in hiele nije tsjerke boud, de Grutte Tsjerke. Letter waard efter de tsjerke noch in ekstra lokaal boud. Nei 1970 waard allinnich dat lokaal noch mar as tsjerke brûkt. Yn 1979 naam de Stifting Alde Fryske Tsjerken de eigentlike tsjerke oer. It gebou waard yngreven restaurearre en wurdt sûnt 1980 brûkt as kultureel sintrum.

Yn de 18e iuw waard benoarden Berltsum en besuden de Blikfaart Nijfinnestate boud. It wie ien fan de pear lienen yn Fryslân. Yn l502 waard Doecke Hemmema fan Berltsum der mei beliend troch Georg en Heinrich van Saksen. Letter is der noch in nije state op it stee boud troch de famylje Du Tour, in neisiet fan de famylje Hemmema, mar dy is letter ek wer ôfbrutsen.

 
Kadal 2, foarhûs fan eardere pleats
  De Wikipedy hat ek in side Broedertrouw.

Op 27 oktober 1889 waard yn Sint-Jabik de út lânarbeiders besteande feriening "Broedertrouw" oprjochte. It doel fan de feriening wie yn it earste plak it ferbetterjen fan de sitewaasje fan de arbeiders. De ôfdieling Sint-Jabik fan Broedertrouw stelde yn de maitiid fan 1890 in leaneask en joech dy oan de boeren. De boeren wegeren lykwols op it útstel yn te gean mei as gefolch dat op 17 maaie de lânarbeiders it wurk delleinen. De reaksje op it súkses fan Broedertrouw kaam al gau. Healwei it jier 1890 fûnen 150 Biltske boeren inoar en hja praten ôf om inoar by wurkstaking te helpen. It ferrin fan de staking wie rêstich, mar it regear stjoerde dochs 100 man ynfantery, 25 fjildwachters en in tal maresjesees nei it 'oproerige' gebiet. De bouboeren besochten de staking te brekken mei help fan ûnderkrûpers, dy't hja 15 sinten yn it oere betellen mei kost en ynwenning. Germ van Tuinen en Jan Stap, de stakingslieders, waarden der fan beskuldige ûnderkrûpers mei de dea bedrige te hawwen, mar yn beide gefallen folge frijspraak. Harren abbekaat wie Pieter Jelles Troelstra.

 
Kâldewei 40

Sint-Jabikspaad

bewurkje seksje

De Grutte Tsjerke fan Sint-Jabik foarmet sûnt 2000 it begjin fan it Jabikspaad, it Fryske diel fan de pylgertocht dat oanslút op it netwurk fan oare paden nei it beafeartsplak Santiago de Compostella. Yn it portaal fan de tsjerke waard in ynformaasjesintrum iepene en der kinne fan it begjin yn Sint-Jabik oant it ein fan it paad yn Hasselt sa'n 80 stimpels sammele wurde as oantinken oan it rinnen (of fytsen) fan it paad. Ynstee fan de wenstige Sint-Jakobsskelp wurdt foar it Fryske Jabikspaad de kinkhoarn as symboal fan it Jabikspaad brûkt.

 
Fersetsmonumint
(Verena Wagner)

Yn 'e nacht fan 2 op 3 novimber 1975 baarnde yn in heal oere tiid de út 1881 datearjende stellingmûne De Welkomst ôf.

It kulturele sintrum fan it doarp is de Grutte Tsjerke. 't Beerdhuus is it multyfunksjonele sintrum fan Sint-Jabik en foar de jongerein is der 't Groene Hok. Yn de tredde wike fan juny is hjir de merke: 'SintJaasMet'. Ienris yn 'e trije jier wurdt it doarpsfeest organisearre.

 
PKN-tsjerke

Yn 2016 waard it iepenbier (De Opstap) en it protestantsk-kristlike (De Koppel) basisûnderwiis gearfoege ta in gearwurkingsskoalle. De skoalle is ûnderbrocht yn it multyfynksjonele sintrum 't Beerdhuus. Ek it pjutteboartersplak 'Ons Speulplakky' en de bûtenskoalske opfang fan bern krige dêr ûnderdak.

 
Wettertoer
 
Ryksmonumint Eastein 38

'Kooitsytipelen' is in typysk Bildtske sport, hjirfoar is efkes bûten it doarp in fjild oanlein.

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)

 
It eardere spoartrasee fan it spoar Stiens-Harns

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013
Ynwenners 2.416 2898 2825 2630 2448 2316 1370 1761
Jier 2015 2020
Ynwenners 1753 1725

Alle strjitten fan Sint-Jabik.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: