Sytse Hotzes Buwalda
Sytse Hotzes Buwalda (Sint-Jabik, 10 febrewaris 1943) is in Frysk taalkundige, publisist en oersetter, dy't him benammentlik taleit op artikels en oare publikaasjes oer syn memmetaal, it Biltsk, en oer de bredere skiednis en kultuer fan it Bilt.
Sytse Hotzes Buwalda | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sytse Hotzes Buwalda | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 10 febrewaris 1943 | |
berteplak | Sint-Jabik (Fryslân) | |
etnisiteit | Biltsk | |
wurk | ||
taal | Biltsk, Nederlânsk | |
sjenre | non-fiksje (taalkunde, skiednis), oersettings | |
bekendste wurk(en) |
D'r waar 's 'n Oud Wify Hoe Skrive Wy 't in 't Bildts Woordeboek fan 't Bildts | |
jierren aktyf | 1980 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben
bewurkje seksjeBuwalda is de soan fan Hotze Sytses Buwalda (1915-1994), dy't yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw in krúsjale rol spile by de ferheffing fan it Biltsk fan útslutend in sprektaal ta in skriuwtaal. Sytse Hotzes Buwalda wie mei syn heit belutsen by de gearstalling fan it earste Biltske wurdboek, dat nei syn heite ferstjerren yn 1996 troch de Fryske Akademy publisearre wie ûnder de titel Woordeboek fan 't Bildts. Yn 2013 brocht er yn eigen behear in ferbettere en oanfolle twadde edysje út, nei't er spul krigen hie mei de Stichting Ons Bildt.
Njonken syn wurk op it mêd fan 'e taalkunde hat Buwalda ek ferskate berneboeken oerset yn it Biltsk. Yn 2018 ferskynde fan him en âld-learaar Arjen Dijkstra De Skimmelrútter, de oersetting fan 'e roman Der Schimmelreiter, út 1888, fan 'e Noardfryske skriuwer Theodor Storm. Dêr wie Buwalda al yn 1972 mei úteinset, en letter hie Dijkstra it foar him ôfmakke. De oersetting wie lykwols lizzen bleaun, en Dijkstra wie yn 2016 kommen te ferstjerren. It projekt Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 wie foar Buwalda oanlieding om, y.g.m. Leendert Ferwerda, de oersetting nochris op 'e nij te besjen en te publisearjen.[1]
Yn 2021 ferskynde De Sonde fan Haitze Holwerda, de oersetting troch Buwalda fan 'e roman De Sûnde fan Haitze Holwerda, fan 'e Fryske skriuwer Ulbe van Houten, dy't lange tiid op It Bilt wenne en wurke.[2]
Buwalda wie yn 2022 belutsen by de oprjochting fan 'e Bildtse Boekerij, in útjouwerij dy't him taleit op it útbringen fan boeken yn it Biltsk. Syn eardere útjeften, lykas it Woordeboek fan 't Bildts, De Skimmelrútter en De Sonde fan Haitze Holwerda, waarden dêr doe ek by ûnderbrocht. Datselde jiers brocht de Bildtse Boekerij fan 'e hân fan Buwalda de Woordenlijst Nederlands-Bildts út, in oanfolling op it Woordeboek fan 't Bildts, dat de Biltske wurdskat fan it Biltsk nei it Nederlânsk oerset. Mei de Grammatica van 't Bildts út 2023, wêryn't Buwalda de grammatikale regels fan it Biltsk fêstlei, wie syn beskriuwing fan 'e taal kompleet.
Wurk
bewurkje seksje- Oersettings en bewurkings
- 1980 – D'r waar 's 'n Oud Wify, Dat Fon 'n Houten Doit (nei Simone Hartsuiker)
- 1982 – 'n Rare Koridon en Andere Bildtse Ferhalen en Gedichten (nei Waling Dykstra)
- 1988 – Beert en Bauky (nei Koos en Bep, fan C. Backx)
- 1988 – 't Húshimelen: 'n Gesprek in de Bildttaal (nei Klaas Aartsma)
- 1988 – 'n Kerstferhaal (nei Weihnachtsgeschichte, fan Stefan Lemke en Marie-Luise Lemke-Pricken)
- 1990 – De Reddingboat Komt! (nei De Reddingboot Komt!, fan Hendrik Thomas de Booy)
- 2018 – De Skimmelrútter (nei Der Schimmelreiter, fan Theodor Storm)
- 2021 – De Sonde fan Haitze Holwerda (nei De Sûnde fan Haitze Holwerda, fan Ulbe van Houten)
- Non-Fiksje
- 1980 – Hoe Skrive Wy 't in 't Bildts: 'n Handlaiding foor de Spelling, en Inkele Dingen út 'e Spraakkûnst (mei Hotze Sytses Buwalda, 1ste printinge 1962)
- 1982 – 't Bildt in Beeld: 'n Historise Rais deur Ons Gemeente
- 1983 – Gideon op de Dorsvloer: Gedichten fan en Anekdotes over Ds. Gideon Boekenoogen Anfuld met Werk fan Ds. Wim Baas (mei Wim Baas)
- 1983 – De Erbaaiersbeweging op 't Bildt in 't Leste Forndelspart fan 'e Negentynde Eeuw
- 1983 – 't Bildtse Boek: 'n Systematys Oversicht fan 'e Meest Foorkommende Bildtse Woorden (2de printinge 1994)
- 1984 – St.-Jabik en Ouwe-Dyk in Beeld: Ansichten en Foto's út 'e Fersameling fan Hotze Sytses Buwalda (mei Hotze Sytses Buwalda)
- 1984 – De Beste Fisser Ontkomt Wel 's 'n Aaltsy: 'n Fersameling Bildtse Sechies en Utdrukkings
- 1985 – Rapport van de Ad Hoc Kommissie Bildts/Fries inzake het Gebruik van de Lokale Talen (ûnder foarsitterskip fan Sytse Hotzes Buwalda)
- 1985 – St-Anne, Nij Altoenae en Nije-Dyk in Beeld: Ansichten en Foto's út 'e Fersameling fan Hotze Sytses Buwalda
- 1985 – Metsys en Pretsys: 'n Fersameling Bildtse Woorden en Utdrukkings
- 1986 – Froubuurt, Ouwe-Syl en Nije-Syl in Beeld: Ansichten en Foto's út 'e Fersameling fan Hotze Sytses Buwalda
- 1986 – Geskidenis van de Bildtse Waddenfisserij
- 1988 – St.-Jabik en Ouwe-Dyk in Ouwe Ansichten, Deel 1
- 1994 – St.-Jabik en Ouwe-Dyk in Ouwe Ansichten, Deel 2 (mei Tietje Buwalda-Veenbaas)
- 1990 – Bildtse Bedrijvigheid in Beeld
- 1990 – Beknopte Bildtse Geskidenis
- 1996 – Woordeboek fan 't Bildts (mei Hotze Sytses Buwalda)
- 2006 – De Westhoekschool (yn: de Biltske Post, ferskate ôfl.)
- 2008 – Hondert Jaar Fakmanskap bij Slachter Bijlsma
- 2013 – Woordeboek fan 't Bildts: Tweede Ferbeterde en Anfulde Edisy
- 2013 – De Westhoek: Leven Ferleden – Herinnerings an De Westhoek
- 2022 – Woordenlijst Nederlands-Bildts
- 2023 – Grammatica van 't Bildts
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|