Hein Jaap Hilarides

Hein Jaap Hilarides (Sint-Jabik, 1969) is in Frysk skriuwer út Amsterdam. Thús waard Biltsk sprutsen, mar syn mem prate Frysk sadat Hein beide talen learde. Hilarides studearre miljeukunde oan it Van Hall Ynstitút yn Ljouwert en Grins. Hy folge in learare-oplieding Ingelsk en studearre Frysk. Begjin njoggentiger jierren spile er yn de Fryske band 'Wiegels Wjukkelmasine'. Dêrnei spile er as pianist/sjonger yn de Rebound Boogie Bent. De Biltsktalige lietsjes binne fan syn hân.

Hein Jaap Hilarides

As dichter debutearre Hein Jaap Hilarides yn Hjir (1998), hy soe letter redaksjelid wurde. Hy dichtet benammen yn it Frysk en it Biltsk, mar ek yn it Nederlânsk. Syn Fryske debútbondel Tersk ferskynde yn 2000. Syn fersen lykje ympresjes út de natoer en it libben om him hinne te wêzen. De lêste jierren mear en mear yn it Biltsk.
Mei Tsead Bruinja stalde Hein Jaap Hilarides de twatalige sammelbondel Droom in blauwe regenjas/'Dream yn blauwe reinjas' gear. Yn de bondel stiet wurk fan de generaasje Fryske dichters fan nei de Spiegel van de Friese poëzie (1994). De dichters út it wurk makken dêrnei in toernee troch Nederlân.

Hilarides skriuwt ek koarte ferhalen, guon ferskynden yn Hjir, Trotwaer en De Bildtse Post, oaren yn sammelbondels lykas Fryske simmerferhalen (1997).
Yn 2003 krige hy in provinsjale wurkbeurs foar it skriuwen fan in roman. Joppe is yn 2008 ferskynd yn de rige Fryske Modernen.

  • Tersk (Dorsen) (2000)
  • Joppe (2008)
  • De skeakeling (2009)
  • Skoaljonge (2011)
  • De trekker fan Troje (2017)
  • Beppe Xenia, roman (2021)
  • Griene sjippe : ienakter yn trije dielen (1997)
  • Fryske simmerferhalen (meiwurke oan, 1997)
  • Droom in blauwe regenjas : karút de nije Fryske poezij sûnt 1990 / Dream yn blauwe reinjas : in kar út de nijste Fryske poëzy sûnt 1990 (Gearstaller, mei Tsead Bruinja, 2005)
  • Taai as Bildtse klaai (2003)
  • Slingerhaan (2005)
  • Klaine kerktocht (2007)
  • Dêr't ik weg kom (2012)

Keppeling om utens

bewurkje seksje