Tsead Bruinja
Tsead Bruinja (Rinsumageast, 1974) is dichter en wennet yn Amsterdam. Hy studearre yn Grins Ingelsk en Frysk en krige dêr letter in Bachelorstitel foar. Yn Grins organisearre er literêre eveneminten lykas Dichters yn de Prinsetún.
Bruinja skriuwt yn it Nederlânsk en Frysk en publisearre yn de tydskriften Hjir, Krakatau, Farsk, De Poëziekrant en Parmentier. Twa jier lang wie er redaksjelid fan it tydskrift Hjir.
Yn 2000 debutearre Bruinja yn it Frysk mei de bondel De wizers yn it read (Bornmeer, 2000) folge troch noch trije Fryske bondels wêrfan de lêste Gers dat alfêst laket útkaam yn 2005.
Nederlânske gedichten waarden ûnder oare opnaam yn Vanuit de lucht - De eerste generatie dichters van de 21e eeuw (Passage, 2001). Yn 2003 makke Bruinja syn Nederlânstalige debút mei Dat het zo hoorde (Contact) dat nominearre waard foar de Jo Peters Poëzijpriis yn 2004. Yn oktober fan 2004 seach de twadde Nederlânstalige bondel Batterij it ljocht. Yn juny 2006 is Tsead Bruinja mei syn Nederlânstalige wurk fan Contact oerstapt nei Cossee. Yn 2007 is dêr Bang voor de bal (nije Nederlânstalige bondel) ferskynd dy't folge wurde sil troch Geboorte van het zwarte paard (in twatalige seleksje út syn Fryske wurk).
Yn 2004 waard de troch Bruinja en Hein Jaap Hilarides gearstalde twatalige blomlêzing Droom in blauwe regenjas/Dream yn blauwe reinjas (Contact & Bornmeer) publisearre en begjin 2005 kaam de blomlêzing Klotengedichten (Passage) út, mei gearstald troch Daniël Dee.
Tsead Bruinja skreau resinsjes foar Trouw, Awater, Ietsmetboeken (NPS-webside ferbûn oan it radio 1 programma Kunststof) en Boeken.vpro.nl.
Bruinja treedt graach op mei de muzikant Jaap van Keulen of mei Michiel Rasker of mei Polo de Haas.
Yn april 2013 ferskynde Stofzuigerzangers/Stofsûgersjongers by de Afûk, in gearwurking tusken Femke IJlstra, Mirka Farabegoli en Bruinja.
Earbetoan
bewurkje seksjeMei it kollektyf Gewassen (2001-2004), mei ûnder oaren dichter Sieger MG en fideokeunstner Alan D. Joseph, wûn er yn 2002 it Hendrik de Vriesstipendium. Yn 2009 waard de Kees van der Hoef-priis oan him takend. Yn jannewaris 2019 waard er foar twa jier beneamd ta Dichter des Vaderlands [1].
Bibliografy
bewurkje seksje- 1998: Frjemdgean
- 1999: Startskot, tegearre mei Daniël Dee, Petra Else Jekel en Ramona Maramis.
- 2000: De wizers yn it read, Utjouwerij Bornmeer.
- 2001: De man dy't rinne moat, útjouwerij Bornmeer.
- 2003: Gegrommel fan satyn, útjouwerij Bornmeer.
- 2003: Dat it zo hearde, útjouwerij Contact.
- 2004: Droom in blauwe regenjas / Dream yn blauwe reinjas, tegearre mei Hein Jaap Hilarides, útjouwerij Contact & Bornmeer.
- 2004: Kutgedichten, tegearre mei Daniël Dee, Utjouwerij Passage.
- 2004: Batterij, útjouwerij Contact.
- 2005: Gers dat alfêst laket, útjouwerij Bornmeer.
- 2005: Kloategedichten, tegearre mei Daniel Dee, útjouwerij Passage.
- 2005 : Gers dat alfêst laket
- 2006 : Bang voor de bal
- 2008 : De geboorte van het zwarte paard = De berte fan it swarte hynder : een keuze uit de Friese gedichten
- 2008 : Angel
- 2010 : Overwoekerd
- 2013 : Stofzuigerzangers/Stofsûgersjongers
- 2018 : Hingje net alle klean op deselde kapstôk / Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok (Afûk, 2018)
- 2019 : Ik ga het donker maken in de bossen van, útjouwerij Querido
- 2020 : Springtij. Gedichten over het leven met tbs., útjouwerij Querido
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |