Trouw
Trouw is in Nederlânske krante dy't as moarnskrante ferskynt in tabloidformaat. De oplage leit om de 91.000. De krante ûntstie yn 1943 as fersetsblêd en wurdt sûnt 2009 útjûn troch De Persgroep Nederland. Op 23 jannewaris 2010 ferskynde de 20.000ste edysje.[1] Trouw sit 19 jannewaris 2007 yn it INIT-gebou oan de Jacob Bontiusplaats 9, 1018 LL Amsterdam en dêrfoar yn in fan arsjitekteburo Van den Broek en Bakema ûntwurpen gebou oan de Wibautstrjitte, dêr't ek Het Parool siet.[2] Trouw waard op 15 novimber 2012 útroppen ta 'European Newspaper of the Year'.
Haadredakteuren
bewurkje seksje- Sieuwert Bruins Slot (1945-1971)
- Jenze Tamminga (1972-1984)
- Jan Greven (1984-1997)
- Frits van Exter en Jaap de Berg (1998-2002)
- Frits van Exter (2002-2007)
- Willem Schoonen (2007-2013)
- Cees van der Laan (2013-no)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|