Sieuwert Bruins Slot
Jan Albertus Hendrik Johan Sieuwert Bruins Slot (Drachten, 8 jannewaris 1906 - Haarlim, 4 april 1972) wie in Anti-Revolúsjonêr politikus, parlemintslid, yn Nederlânske fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch en haadredakteur fan it deiblêd Trouw.
Jeugd en oplieding
bewurkje seksjeDe grifformearde Bruins Slot, soan fan Albertus Bruins Slot dy't boargemaster fan Skiermûntseach en fan Smellingerlân wie, en Antje Hoogeboom, gie yn 1918 nei it kristlik Marnix Gymnasium yn Rotterdam wêr't hy yn 1924 eineksamen die en studearre dêrnei fan 1924 oant 1928 rjochten oan de Frije Universiteit fan Amsterdam wêr't hy op 13 maart 1931 promovearre ta doktor yn de rjochtsgeleardheid op in proefskrift oer Groen van Prinsterer.
Wurk en fersetswurk
bewurkje seksjeFan 1928 oant 1933 wie Bruins Slot abbekaat en prokkereur yn Amsterdam. Yn 1933 waard hy beneamd ta boargemaster fan Adorp yn Grinslân. Hy besocht nei de besetting sa lang mooglik oan te bliuwen om sa de ynfloed fan de Dútsers te beperken, mar yn 1942 slagge dat net mear, sadat hy op 24 febrewaris 1942 op fersyk earfol ûntslein waard. Hjirnei festige hy him as abbekaat yn Sauwerd yn Grinslân en begûn yn jannewaris 1943 mei syn redaksjewurk oan it dan yllegale blêd Trouw, ûnder de skûlnamme "Zwart". Hy wie ien fan de steunpylders binnen de organisaasje fan it yllegale deiblêd. Ek joech hy lieding oan de destiids yllegale ARP fan 1943 oant1945.
Nei de oarloch
bewurkje seksjeNei de befrijing waard hy haadredakteur fan it deiblêd Trouw, wat hy oant 1971 bliuwe soe. Yn dat jier waard hy ek oansocht foar de posysje fan Minister fan Bûtenlânske Saken, wat hy wegere. Op 4 juny 1946 waard hy wol lid fan de Twadde Keamer foar de ARP, dêr't hy op 3 oktober 1956 de fraksjefoarsitter fan waard. Teffens wie hy fan 10 septimber 1952 oant 22 febrewaris 1955 lid fan de Mienskiplike Gearkomst fan de Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel (de foarrinner fan de Europeeske Uny). Yn it parlemint wie hy bûten fraksjefoarsitter en wurdfierder bûtenlân nammens de ARP en in grut foarstanner fan Europeeske gearwurking. Hy hold him ek dwaande mei definsje, binnenlânske saken, ûnderwiis en omropsaken. Hy wie in haadrolspiler yn de "boukrisis" oer de wenningbouproduksje yn 1960 en kaam dêrby mei syn fraksje rjocht foaroer de eigen bewâldslju Van Aartsen en Zijlstra te stean. Op 4 april 1962 ferklearre hy yn in politike draai fan de ARP yn de Twadde Keamer dat by de saak Nij-Guinea neist behertiging fan de belangen fan de Papoea's oerienstimming mei Yndoneezje doelstelling wêze moast. Hjirmei waard ôfwykt fan de eardere line dy't útgie fan it selsbeskikkingsrjocht fan de Papoea's. Troch dizze twa kwestjes ynein en út de graasje rekke fan syn partij lei hy op 16 maaie 1963 syn fraksjefoarsitterskip del en in skoftke letter, op 5 juny 1963 luts hy him werom út de polityk en kaam wer alle dagen op syn kantoar by Trouw, dêr't hy haadredakteur fan bleaun wie yn syn politike karriêre. Hy ferliet Trouw yn 1971 en stoar yn 1972.
Fierdere personalia
bewurkje seksjeBruins Slot waard op 29 april 1957 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Hy wie troud op 29 juny 1933 mei Cornelie Catherine Hermance Rutgers dêr't er twa soannen mei krige. Rutgers ferstoar op 20 novimber 1947. Op 25 maart 1953 troude er mei Wilhelmina Chardon mei wa't hy ien soan krige. Bruins Slot is de skoansoan fan âld-minister V. H. Rutgers en de skoanheit fan it CDA âld-Twadde Keamerlid Jan Nico Scholten dy't troude mei dochter Anneke Bruins Slot (juriste en teologe).
Publikaasjes
bewurkje seksje- Groen van Prinsterer en het herstel der hiërarchie in de Rooms-Katholieke Kerk in Nederland (dissertaasje 1931)
- Bezinning en uitzicht. De motieven der huidige wereldontwikkeling en onze roeping daarin (1950)
- En ik was gelukkig, herinneringen (1972)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|