Adorp
| |||||
Gemeente | It Hegelân | ||||
Ynwennertal (2020) | 545 | ||||
Webstee | adorp.com |
Adorp (Grinslannersk: Oadörp) is in doarp yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân.
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksjeAdorp foarme tegearre mei de doarpen en buorskippen Arwert, Grut Wetsinge, Harssens, Hekkum, Lyts Wetsinge, Sauwert en Wierum oant 1990 de selsstannige gemeente Adorp, wêrfan't it gemeentehûs yn Sauwert stie. Yn dat jier waard de gemeente Adorp gearfoege mei de gemeente Winsum. By in folgjende weryndieling fusearre de gemeente Winsum op 1 jannewaris mei de gemeentes Bedum, Iemsmûn en De Marne ta de hjoeddeiske gemeente It Hegelân.
Beskriuwing
bewurkje seksjeFoar de namme Adorp binne ferskillende ferklearrings jûn. Sa wurdt der ornearre dat it oarspronklik "doarp yn it boulân" (arth) of "doarp fan Arn" (in persoan) betsjut. It meast oannimlik is lykwols dat it doarp oan de Aa betsjut. Krekt wat súdlik fan it doarp mûne yn de midsiuwen nammentlik de Drintske Aa yn 'e Hunze út. Nei't yn 1385 by Dorkwert in kanaal groeven waard fersâne it wetterke.
Adorp leit op in wierde op in útrinner fan de Hûnsrich oan in eardere meänder fan de Hunze, dat dêr it Selwerderdjipke neamd wurdt. Op de wierde stiet de 13e-iuwske PKN-tsjerke, [1] dy't yn 1667 modernisearre waard. De tsjerke besiet ienris in frijsteande toer, dy't yn 1794 ôfbrutsen waard. Fierder stiet yn it doarp de nôtmûne Aeolus, dy't op it stuit restaurearre wurdt.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|