Kees van der Hoef-priis

De Kees van der Hoef-priis is in Grinzer literêre priis.

De priis fan € 250 en (oant en mei 2016) in pûn iel wurdt jierliks útrikt oan in persoan of ynstelling dy't in soad betsjut hat foar it literêre klimaat yn de stêd Grins. De priis waard útrikt op 3 jannewaris, de jierdei fan Kees van der Hoef, mar sûnt 2015 bart dit op Gedichtedei.

Kees van der Hoef ûntfong yn 2008, op inisjatyf fan Bart FM Droog, as earste de priis út hannen fan de wethâlder fan kultuer Jaap Dijkstra. Nei 2016 wurdt de priis alle twa jierren útrikt[1]

It pûn iel (paling) ferwiist nei Kees syn fersregel: De kracht van de herhaling is gelijk aan een spastische paling. Dat part fan de priis bestiet oars sûnt 2018 net mear mei't de iel der net bêst foar stiet.

Priiswinners

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: