Douwe Jans Bierma

Douwe Bierma (Sint-Jabik, 10 febrewaris 1891Sint-Anne, 19 febrewaris 1950) wie in Nederlânsk politikus en boerefoaroanman yn de Twadde Wrâldkriich en lid fan de NSB.

Bierma wie yn 1945 in stikmannich moannen loko-boargemaster fan It Bilt, nei't boargemaster Kornelis van der Vlis ôfgien wie. Voor het tribunaal yn Ljouwert waard Bierma yn 1946 ta in jier finzenis feroardield fanwegen syn lidmaatskippen fan de NSB, it Nederlands Arbeidsfront en de Nederlandse Landstand. Syn fermogen waard beslach op lein foar maksimaal 50.000 gûne. Teffens waard him it stimrjocht ferbean en mocht er gjin iepenbier amt útoefenje, beide foar in perioade fan tsien jier.[1]

Bierma stoar yn de âldens fan 59 jier yn Sint-Anne.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frysk Deiblêd d.d. 9 july 1946: Tribunalen: Leeuwarden
  2. Leeuwarder Courant d.d. 20 februari 1950: De heer Douwe J. Bierma overleden + overlijdensakte