Kornelis van der Vlis
Kornelis Jan van der Vlis (Vlaardingen, 10 april 1907- ???) wie in Nederlânsk boargemaster yn oarlochstiid.
Op 1 febrewaris 1942 waard er út namme fan de NSB ta boargemaster fan Hinnaarderadiel beneamd.[1] Twa jier letter, op 25 april 1944, waard er ynstallearre as boargemaster fan Frjentsjer.[2] Fan 20 septimber 1944 oant 24 febrewaris 1945 wie Van Der Vlis ek waarnimmend boargemaster fan It Bilt.[3]
Yn 1945 waard Van Der Vlis yn Frjentsjer opfolge troch Jan Dijkstra. Op 2 oktober 1946 waard er troch it tribunaal yn Harns feroardield ta fjouwer jier finzenis en ferlear er it rjocht om ea noch in iepenbier amt te besetten[4].
Kornelis van der Vlis is de heit fan de eardere Sjef-Definsjestaf Arie van der Vlis en pake fan Tristan van der Vlis, de dieder fan de sjiterij yn Alphen aan den Rijn.[5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|