Masinemuseum Meijer
It Masinemuseum Meijer is in samling motors yn in loads fan masinefabryk Meijer oan de Aldebiltdyk 894 yn Sint Jabik.
Yn de loads steane stasjonêre motors en oare draaiende apparaten. Alle masines binne opknapt en rinne wer as fanâlds. De âldste motor is in Loog Landaal piteroaljefergasser motor, boujier 1899. De oprjochter fan it museum, Sjoerd Meijer, begûn mei syn samling yn 1960 doe't der in binnenfeartskip omboud wurde moast ta direksjeskip. Doe't de motor der út kaam krige dy in plakje yn de skuorre. Oant 1978 stienen dêr ien motor en ien stoommasine. Letter hat dy motor noch jierren draaid foar de poetsmasine fan it bedriuw.
Sûnt 1989 is de kolleksje te sjen foar it publyk. De motors komme rûnom út Nederlân en wurde troch de meiwurkers ûnderhâlden as yndustrieel erfguod. Pronkstik yn de masinesamling is in lytse diselmotor út de eardere smidte fan Pier Hessels op de Aldebiltdyk. De bruorren Hendrik en Frederik de Vries makken de motor tusken 1904 en 1910. Opmerklik, want de earste diselmotor waard pas koart dêrfoar yn 1897 makke. De Biltske diselmotor wie yn de smidte grif de oandriuwing foar in slypstien dêr't ek redens op slipe waarden.
It museum jout in tiidline fan de ûntwikkeling fan de motors. Fierders is der in technysk neislachwurk dêr't it publyk mei fragen yn terjochte kin. Yn 2009 kaam der in wurkpleats by dêr't in wurkjende draaibank en smidsfjoer helpe kin by restauraasjes op opknappen. Neist de iepen dagen is der gelegenheid foar ekskurzjes fan technyske skoallen en rûnliedigs foar groepen.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |