De Welkomst (Sint-Jabik)
De Welkomst wie in nôt- en pelmûne oan de Middenwei-West tusken Sint-Jabik en Sint-Anne. De mûne baarnde yn 1975 ôf en waard net wer opboud..
De Welkomst | ||
mûne / mole | ||
De Welkomst yn 1968 | ||
lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
plak | Sint-Jabik | |
adres | Middenwei-West 223 | |
koördinaten | 53° 16' N 5° 38' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôtmûne | |
flecht | 22 meter | |
boujier | 1881 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Welkomst wie ien fan de seis nôtmûnen dy't op it Bilt stien ha. Njonken De Welkomst stie oan de oare kant fan Sint-Jabik oan de Westerdyk noch in nôtmûne, De Hoop. Nei't de oare fjouwer nôtmûnen yn 'e rin fan de tiid ferdwûne wiene, bleaune yn 1932 allinne De Welkomst en de Buorstermûne oer.
De Welkomst waard yn 1881 boud op it plak, dêr't wat earder in foargonger ôfbaarnde. By it ôfbaarnen fan dy mûne bleaune de omlizzende gebouwen bewarre. As de earste mûne fan Fryslân krige De Welkomst oan it begjin fan de 20e iuw selsswichting. By in sniestoarm yn jannewaris 1956 ferlear de mûne trije fan de fjouwer wjukken. In restauraasje folge yn 1957 en de wjukken krigen njonken de selsswichting no ek Ten Have-kleppen. Yn itselde jier kocht in Brabânske mounder de mûne oer en dy liet in jier letter de stelling restaurearje.
Nei't de mounder ferstoar en syn soan it bedriuw oernaam, liet dy fanwegen it tebekrinnen fan de ynkomsten út de mûne ein jierren 1960 in bar-dancing en restaurant yn de mûne iepenje. De mûne draaide sûnt allinne noch by spesjale gelegenheden.
Yn 'e nacht fan 2 op 3 novimber 1975 om likernôch kertier oer twaën baarnde de mûne yn in heal oere tiid folslein ôf. Nei alle gedachten hie der koartsluting west.
De eigner wie ree om nei it útkearen fan de skea de mûne wer op te bouwen as ûnderdiel fan in nije horekagelegenheid, mar it fersekeringsbedriuw wegere dan syn bedriuw op 'e nij yn dekking te nimmen. Dat hat de eigner der ta brocht de mûne net te werbouwen en it jild te brûken foar it keapjen fan it kafee 'De Stadhouder' yn Sint-Anne en 'De Groene Papagaai' yn Froubuorren.
It plak fan de eardere mûne is te werkennen oan de twa mealstiennen dy't bewarre bleaun binne en by de tagong fan it hiem fan de lokaasje steane.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Welkomst, Sint-Jabik fan Wikimedia Commons. |