It Dockumer Lokaeltsje

It Dockumer Lokaeltsje is in band út Ljouwert. De namme fan de groep waard ûntliend oan in Fryske hit út de jierren 60, skreaun troch de doetiidske postkantoarhâlder fan Koatstertille, Anne van der Mark, dy't ferhelle fan it doe ferdwûne spoar tusken Dokkum en Ljouwert (Spoar fan Ljouwert nei Eanjum, it Dokkumer Lokaaltsje).

It Dockumer Lokaeltsje
band
It Dockumer Lokaeltsje yn Ljouwert, 2018
It Dockumer Lokaeltsje yn Ljouwert, 2018
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre Rock
bestean 1982 - 1988
2014 - No
label(s) Top Hole,
Makkum Records
leden
Sang &
Bas
Peter Sijbenga
Gitaar Sytse van Essen
Drums Fritz de Jong

Skiednis bewurkje seksje

De groep ûntstie yn 1982 op it Stêdsk Gymnasium yn Ljouwert ûnder de namme Tropical Suicide. De band song yn ferskate talen mar wurke ek oan in Frysk repertoire. Yn 1985 spile de groep yn it Stedsk Gymnasium, mar no as It Dockumer Lokaeltsje. Letter folgen noch optredens foar de radio en yn it VPRO-programma Jonge Helden.

It Dockumer Lokaeltsje bestiet út Peter Sijbenga, Sytze van Essen en Fritz de Jong. De earste gie letter by de band Deinum. De lêste twa makken ek diel út fan de hardcoreband Lul, dy't fierders bestie út de Ljouwerters Klaas Schippers en Empee Holwerda. Peter Sijbenga's koartswilige opmerking dat Lul einliks in ôfkoarting fan "Lui uit Leeuwarden" wie, waard benammen troch de skreaune media tankber oanpakt om de band L.U.L. te neamen.

Yn 1986 kaam de LP "Wil Met U Neuken!" út, dy't in soad omtinken fan de VPRO op radio en telefyzje krige. Yn 1987 ferskynde "Moddergat" en yn 1990 "It Dockumer Totaeltsje" op CD, in samling fan harren twa eardere LP's, mar ek oar wurk makke foar ûnder oare de radio.

Sûnt it begjin fan 2014 spilet de band sa no en dan wer live. Yn 2017 brocht de band har tredde studio-album út, opnaam yn de Sing Sing Studio te Mitselwier, ûnder de namme "Tonger".

Diskografy bewurkje seksje

Studio-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht yn Label
Wil Met U Neuken! 1987 Top Hole Records
Moddergat 1987 Top Hole Records
Tonger 2017 Makkum Records
Alles Is Goed 2020 Makkum Records

Live-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht yn Label
Alles Ist Live ‎ 2019 Dokkum Records

Kompilaasje-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht yn Label
It Dockumer Totaeltsje 1990 Top Hole Records