Anne van der Mark
Anne van der Mark (Ljouwert, 15 desimber 1921 - Koatstertille, 9 april 1993) wie û.o. postkantoarhâlder yn Koatstertille, mar fral bekend as Frysk komponist en tekstdichter.
Van der Mark skreau ferskes, musikals en kaberetteksten sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk. Hy skreau teksten foar Henk van der Heide en De Sambrinco's. De Fryske 'toppers' lykas It Dokkumer lokaeltsje (oer de ferdwûnen spoarline tusken Dokkum en Ljouwert) en Skûtsjesile (oer it wichtige simmerevenemint yn Fryslân) wienen fan syn hân. Sels wied er ek in goede sjonger.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Anne van der Mark op Streektaalzang ANNE VAN DER MARK en de PERS