Henk van der Heide
Henk van der Heide (Ljouwert 1921 - dêre, 28 jannewaris 1999) wie in Frysk sjonger, muzikant en kabaretier.
Henk van der Heide | ||
artyst en/of kabaretier | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Henk van der Heide | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1921 | |
berteplak | Ljouwert | |
stoarn | 28 jannewaris 1999 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | kabaretier, sjonger, muzikant | |
offisjele webside | ||
www.streektaalzang.nl Henk van der Heide |
Libben
bewurkje seksjeHenk kaam út in tige muzikaal gesin dêr't altyd sjongen waard. Hy wie de soan fan Doeke van der Heide en waard grut yn Ljouwert. Hy hie fjouwer bern, in soan en trije famkes dêr't ien jong fan ferstoar. Oerdei wurke Henk by de PTT as postrinder en jûns trede er op as sjonger of muzikant, fral op brulloften en partijen. Mei Klaas Hospes die er ek wol kabaret.
Henk hat ek wol solo optreden en tegearre mei Anneke Pater en mei Aly Zuidema. Hy trede ek op mei de Sambrinco's.
In grut part fan syn repertoire wie yn it Frysk dêr't de teksten troch Anne van der Mark skreaun waard. Hy makke ek platen en hie in oantal bekende hits û.o. It Dockumer lokaeltsje en Skûtsjesilen.
Yn Liet '91 wie hy finalist mei Us mem, skreaun troch Anne van der Mark. Yn 1987 stoppe hy mei optredens.