De Doelleazen is in Frysk partyduo dat bestiet út de deejays Sybren en Ronald út Bûtenpost.

De Doelleazen
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
bestean sûnt 2009

De Doelleazen waard yn 2009 as grap oprjochte troch de Fryske deejays Sybren Schouwstra en Ronald Wielstra. As partyduo stutsen se bekende nûmers fan Fryske artysten yn in oansteklik nij jaske fan feestmuzyk. Yn harren feestmuzyk binne ynfloeden te hearren fan de Party Animals, Paul Elstak, Charlie Lownoise en Mental Theo. De produksje fan de tracks giet yn gearwurking mei bekende Fryske artysten. Sa kamen der bewurkings fan ûnder oare De Mem fan Doutzen fan Strawelte, Strjitlizzer fan Bricquebec, It paad werom fan Piter Wilkens, Alderwetske Waldpyk fan De Hûnekop, Lit jim gean fan Gurbe Douwstra. De lêste fan Gaatze Bosma is bewurke ta in act yn happy hardcore.

It tsienjierrich bestean fan De Doelleazen waard fierd mei in feest yn Bûtenpost en it útbringen fan it jubileumalbum Skijt oan de rest. Op dy plaat steane covers, mar ek eigen wurk. [1]

Foar fuorbalferiening Bûtenpost bewurken se yn 2020 yn de koronakrisis it klupliet de Blauwkes.

Diskografy bewurkje seksje

  • Gek yn de kop(2020)
  • Skijt oan de rest (2019)
  • Waldrave (2015) EAN 8714533001435
  • De beuk deryn! (2012) EAN 8762196534265

Singles en EP’s bewurkje seksje

  • Met de vlam in de pijp ft. Henk Wijngaard (2021)
  • It wurdt altyd wer Kryst ft Marcel Smit (2020)
  • Meissie meissie ft. Henk Wijngaard (2020)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. webside De Westereen