De Sadelrûkers is in Drachtster 'rock&lol' band. De namme ûnstiet troch foar de grap oan dampende frouljussadels te rûken. Nei ferskate wikselingen ûntstiet yn 1992 foarfêst de besetting mei: Tjeerd van der Heide (foardracht), Piebe Bouma (gitaar), Jan Pultrum (drums) en Fred van der Weert (bas). De Sadelrûkersmeitsje Fryske blues-rock. Se sjonge benammen oer froulju en drank. Se repeteare harren selsmakke lietsjes yn de bosken fan Beetstersweach op it Borneroordterrein. Sjonger Tjeerd van der Heide fynt sjongen yn it Frysk makliker as yn it Ingelsk, dêrom brûkt de band allinnich Fryske teksten. Yn 2009 die de groep - fersterke mei sjongster Bettie Okkema - mei oan Liet mei Ferslaafd.

Sadelrûkers
  • Rûke bliksum ! (1996) (mei:Skyt yn't ryt)
  • Tiid foar wat oars
  • Aaipop: En daverje (1996)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: