Jarretank (band)
Jarretank wie in speedrock-/punkband út De Westereen.
Jarretank | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk, Nederlânsk | |
sjenre | speedrock, punk | |
bestean | 2004 - 2013 |
Jarretank waard oprjochte yn 2004. [1] De band spile nei eigen sizzen Speedrock & Roll as willepunk/wâldrock & roll sjenre yn de line fan bands as Jitiizer en Strawelte. De nûmers binne benammen yn it Frysk skreaun. De teksten fan de band kinne omskreaun wurde as rebelsk mar humoristysk. Yn 2010 brocht de band de CD Fryske Rebel út, tagelyk mei de presintaasje fan in nije CD en fideoklip Jappie Kommando! fan De Hûnekop. [2] Yn 2011 makke Jarretank bekend te stopjen. Yn desimber fan 2011 joech de band in ôfskiedskonsert yn De Westereen. Trije bandleden giene, mei twa oaren, fierder as Smoking Gun. Ein 2013 joech de band in reünykonsert by it ôfskied fan poppoadium 'It Badhûs', mei ûnder oaren Newsense Memory.
Bandleden
bewurkje seksjeJarretank bestie út:
- Melle 'Stek' Stienstra (sang)
- Gerard Tigchelaar (basgitaar/backing vocals)
- Dennie Barentsen (elektryske gitaar)
- 'Lytse' Jan' (elektryske gitaar)
- Sjoerd Jerrit de Vries (drums)
Diskografy
bewurkje seksje- Fryske Rebel (2010)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|