Newsense Memory
Newsense Memory is in Ingelsktalige punkrock/alternative rockformaasje út Damwâld.
Newsense Memory | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk, Nederlânsk | |
sjenre | punkrock, alternative rock | |
bestean | sûnt 2002 |
Newsense Memory begûn yn 2002, as in projekt fan Piter Reitsma, Auke van der Ploeg en Wilbert 'Donny' Schippers. The Offspring, Blink 182 en Green Day wiene harren grutste ynspiraasjeboarnen.
Yn 2007 berikte de band de finale fan de Poppriis fan Nederlân, wat harren in optreden yn de poptimpel de Melkweg oplevere. Letter yn 2007 kaam de earste EP út: Fashion Amèricain. Yn 2011 presentearre de band de twadde EP, The Sky Is The Limit. Yn it ferrin fan de tiid is de muzykstyl opskood fan punkrock nei alternative rock. Mar ek yn de nije nûmers bliuwe de punkroots te hearren.
Bandleden
bewurkje seksjeNewsense Memory bestiet út:
- Piter Reitsma (elektryske gitaar/sang)
- Auke van der Ploeg (basgitaar/sang)
- Anne Martin Koree (drums/sang) - fan 2008 ôf
- Tjerk Jansma (elektryske gitaar) - fan 2012 ôf
Eardere leden
- Wilbert Schippers (drums oant 2008)
- Jelmer Woudstra (elektryske gitaar oant 2012)
Diskografy
bewurkje seksjeAlbums
bewurkje seksje- Trivia (2013)
- The Sky Is The Limit (2011)
- Fashion Amèricain (2007)