Skuor

Fryske new wave band, oarspronklik en út Grou

Skuor wie in Fryske rockband oprjochte yn Grou en wie aktyf tusken 1979 en 1985

Skuor
band
Skuor yn 1980
Skuor yn 1980
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre Rock
bestean 19791985
âld-leden Dicky Jonker drums
leden
Sang &
Gitaar
Reinder Kerkhof
Sang &
Gitaar
Feike van der Leij
Bas Kees Wedman
Drums Wilt van der Kooi
SKUOR: f.l.n.r. Feike-Reinder-Wilt-Kees

De leden wennen yn Grou en troffen elkoar yn 1979 yn bar De Treemter. De groep begûn mei eksperimintele popmuzyk op Fryske teksten. De besetting wie Reinder Kerkhof (gitaar en sang), Feike van der Leij (gitaar en sang), Kees Wedman (bas en sang) en Dicky Jonker (drums). Begjin tachtiger jierren kaam Wilt van der Kooi der as twadde drummer by, en doe't Dicky Jonker nei in jier stoppe naam Wilt van der Kooi it oer.

De band wie ien fan de pioniers op it mêd fan Frysktalige rock, new wave en ska. Yn it begjin fan de jierren tachtich wie de band geregeldwei yn Fryslân te hearren foar Radio Fryslân. Yn 1980 en dêrnei trede de band wol tegearre op mei Okke Hel. Yn de rin fan de jierren hat Skuor sa'n sechstich nûmers makke dy't yn beheinde oplage op CD's setten binne.

Yn 1985 joech Skuor syn lêste konsert. Nei Skuor is der trije kear mei in hiele soad freonen ûnder de namme "Jopie Douma Ferkeapet Jurkjes Band" optreden yn Grou. De band feroare syn namme en gie as Ype en de Schavers oer op Ingelsktalige muzyk. Op de noch besteande webside fan de band is noch in soad muzyk del te laden. Eins bestiet Skuor noch altiten, ek al trede se mei Ingelstalich rippertwaar op as Ype & The Schavers, sy spylje noch geregeld Skuor-nûmers en ek gauris nije Fryske nûmers. Al trede se hast net mear op, der wurdt noch steefêst om de pear wiken oefene op It Hearrenfean.

  • It bêste fan skuor diel 1
  • It bêste fan skuor diel 2
  • It bêste fan skuor diel 3
  • It bêste fan skuor diel 4
  • It bêste fan skuor diel 5
  • It bêste fan skuor diel 6
  • No, it alderbêste! (alhiel fergees op te heljen op de webside).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: