Fryske Poppriis
De Fryske Poppriis wie in priis fan € 1.500,- dy't alle jierren jûn waard oan dejinge dy it meast bydroegen hie oan de Fryske popmuzyk. Dat kin sawol in de persoan wêze, in band of in ynstelling. Foar de publykspriis koe, yn gearwurking mei de Ljouwerter Krante fia ynternet stimd wurde. De priis waard yn 1996 ynsteld troch de Stichting Friesland Pop.
De priis waard yn 1996 foar it earst útrikt oan Marius de Boer fan Reboelje. Lettere winners wienen ûnder oare Meindert Talma, Wâldrock, Harry Muis fan Stichting It Poadium en Autumn. De earste jierren waard de priis útrikt yn Teäter Romein. Dêrnei wie de útrikking in pear kear op it Freezefestival en noch wer letter yn De Gloppe (allegear yn Ljouwert). Nei it sluten fan in sponsoroerienkomst mei de Foreign Media Group en der in knap jildbedrach oan de Poppriis ferbûn waard, keas Friesland Pop foar in mear passende entoeraazje. Dat waard De Lawei yn Drachten. Omdat de Poppriis allinnich wat keal wie, waard besletten om er ek prizen yn in tal oare kategoryen. Dat waarden prizen foar Bêste song, Bêste nijkommer, Bêste DJ – en de LC Publykspriis. Yn 2013 waard de opset feroare en gie de ferkiezing fan de Fryske Poppriis fierder as it Frysk Sjongers Gala.
Skiednis
bewurkje seksje- Op 21 desimber 2006 waard, yn de lytse seal fan De Lawei, it earste Gala fan de Fryske Popppriis hâlden. Luie Hond wie de grutte winner.[1]
- Troch de grutte belangstelling waard de ferkiezing yn 2007 yn de grutte seal holden. De offisjele iepening waard dien troch Kay Wilder en Ecoustic en in wolkom fan presintator Jan Douwe Kroeske. Der waarden njoggen prizen ferdield. Bêste Popdesign wie foar Jeroen Vos, foar syn alsidigens as VJ by DJ Tiësto en de nije hûsstyl fan Club Noa yn Ljouwert. Bêste DJ fan 2007 wie Leroy Rey, dy’t by de sjuery opfallen wie troch syn wurk yn ûnder oare Paradiso en de ferskate Jimmy Woo-jûnen. De Omrop Fryslân Klipkar+ Priis, útrikt troch Omrop Fryslân-programmamakker Piter Zwart, wie foar Wouter Stoter, foar syn klip by Droemvlucht fan Nynke Laverman en Rowwen Hèze. Ilanois foel mar leafst twa kear yn de prizen. Harren súksesfolle single Pouring Rain waard keazen as Bêste Song fan it jier en letter mocht LC blêdmanager Siebe Annema bekend meitsje dat de measte fan de 2000 stimmen foar de Ljouwerter Krante Publykspriis gongen nei harren 24 gigs in 24 hours-aksje by de lansearring fan dy single. De Oeuvrepriis wie foar Ernst Langhout]. Neffens de sjuery wie Langhout al mear as 30 jier in fêste wearde binnen de Fryske popscene, fan de iere folk mei Haggis, fia The Visitor yn de jierren 80 (ien fan de earste new wave bands fan Nederlân), Big Tree en The Hones oant Dylan Yn It Frysk fan dat jier. De priis foar Bêste Nijkommer wie foar Adept en waard, troch ferplichtings op in oar plak, by in betiizjende en hilaryske útrikking, yn ûntfangst nommen troch it pear Brands fan Wham! Wham! Records. De Holland Casino Priis foar Bêste Act gie nei Monstertux, ûnder oare fanwegen it winnen fan de Dommelsch LiveXS Award en harren foarprogramma-avontoer by Marillon yn Utert en Frankryk. De Foreign Media Music Fryske Poppriis hie dit jier fjouwer nominearden: eveneminten organisaasjekollektyf 'Liquid', de Ljouwerter popopliedings, foar harren grutte betsjutting foar de Fryske popkultuer, MBN Musicmarketing en úteinlike winner Het Bolwerk, dat neffens it sjueryoardiel nei in dip fan twa jier lyn wer hielendal weromkomd is troch fierdergeande professionalisering en slim en kreatyf programmearjen tsjintwurdich wer garant stiet foar in goed oanbod en dêrtroch goede besikersoantallen. Tusken de útrikkings troch wiene der optredens fan coverband Boulevard dy’t earder dat jier de Clash of The Coverbands wûn hiene. Dêrnei folgen Ilanois, Adept en twa nûmers fan Elske. It hichtepunt wie it reünyoptreden van The Visitor. Sawat healwei mocht Titus van ’t Veer, by gelegenheid fan it 20-jierrich bestean fan Stichting Friesland Pop, ek noch it earste eksimplaar fan de Rûge Gids fan de Fryske popmuzyk útrikke oan Jannewietske de Vries fan de Provinsje Fryslân. It wie de opfolger fan it acht jier dêrfoar útjûne “Pop in Friesland”. [2]
- Yn 2008 krige DJ Da Pauli, nei it iepeningswurd fan Jan Douwe Kroeske de priis foar Bêste DJ. De Klipkar+-Priis foar bêste klip fan 2008 gie nei Hé Hallo fan Floris Liesker en Daniël Levy. De Oeuvrepriis wie foar Pigmeat. Nij dat jier wie in priis yn de kategory Coveract en bestie út in gouden mikrofoan. Yn it skoft waard de priis foar Popdesign útrikt oan Teunis Spits, betinker fan Zeef & Sound, it posterprojekt van Popoadium Iduna. Bêste nijkommer fan 2008 wie foar it debútalbum fan Bonne Aparte. De Altijd Aparte Nederlander (D-A-A-N) krige de priis foar Beste Act en de LC Publykspriis. En de Fryske Poppriis 2008 gie nei de makkers fan webside 3voor12 Friesland. Tusken de priisútrikkkings troch wiene der optredens fan Lawn mei it Frysk Symfony Orkest en fan de tenor Sander Boonstra mei rapper en producer Ozie-N. Neist oare artysten wie der in reunyoptreden fan Weekend at Waikiki. De gouden mikrofoan foar 'Bêste Song 2008' wie foar Aart Lus & Ed Lip foar harren Ik Bin Su Eil.[3]
- Jan Switters fan Gau krige de Fryske Poppriis 2009 foar syn jierrenlange wurk efter de skermen. Hy die it lûd foar in soad bands, hie in eigen studio en begelate oankommend talint. De publykspriis wie foar de bruorren Jan en Romke Kleefstra foar harren eksperimintele foarstellingen yn binnen- en bûtenlân mei muzyk en poëzij.[4]
- De útrikking fan de prizen fan 2010 barde dat jier wer yn in Poppoadium. De Omrop Fryslân Klipkar+ Clip Award gie nei de fideo fan A Silent Express – Will I Be Around. De Friesland Pop Talent Award wie foar De Hûnekop. It Glemmer Festival wûn de LC Publiekspriis. De Fryske Poppriis gie nei Nynke Laverman, se krige de priis útrikt fia byldtelefoan.
- Yn 2011 wie de Fryske Popprijs foar Poadium Asteriks. It trijetal efter Poadium Asteriks (Sjoerd Bootsma, Peter Reen en Paul van Berlo) wûn ek de Leeuwarder Courant Publiekspriis foar it nije metalfestival Into The Grave. Omdat se by winst tasein hiene harren burd ôf te skearen waard dat op it poadium fuortendaliks mar dien. It jonge indieduo BlackboxRed krige de Friesland Pop Talent Award mei nei hûs. Pioneers Of Love krige foar Stephanie Pistel har fideo fan Walhalla de Klipkar+ Clip Award. Yn it prizesirkus wiene ek The Heatmachine en de skaformaasje Mr. Wallace te sjen.
- De Fryske Popawards waarden yn 2012 útrikt nei ôfrin fan it jubileumfestival fan Friesland Pop yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. De Friese Poppriis 2012 waard wûn troch Elske DeWall. Se brocht dit jier har nije album Brave út. De Hûnekop wûn de Omrop Fryslân Klipkar+ Clip Award. Foar harren sterke muzykprogramma krige it Skylger festival Oerol de LC Publykspriis.
Winners
bewurkje seksje- 1996 - Marius de Boer (Marista/Reboelje)
- 1997 - De Kast
- 1998 - Meindert Talma
- 1999 - Muzykkafee De Gloppe
- 2000 - Wâldrock
- 2001 - Jah Sound International
- 2002 - Harrie Muis (Stichting Het Podium)
- 2003 - Autumn
- 2004 - Mark Norman
- 2005 - The Suicidal Birds
- 2006 - Luie Hond [5]
- 2007 - It Bolwurk
- 2008 - 3voor12/Fryslân
- 2009 - Jan Switters
- 2010 - Nynke Laverman
- 2011 - Poadium Asteriks
- 2012 – Elske DeWall
- 2013 - Willem de Vries
- 2014 - Serious Record
- 2015 - Janpier Brands
- 2016 - Da Mouth of Madness
- 2017 - The Homesick
- 2018 - Joost
- 2019 - Esther de Jong
- 2020 - 8501Indie [6]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|