Da Mouth of Madness

Da Mouth of Madness, artystenamme fan Sietse van Daalen (Ljouwert, 19 augustus 1974) is in Fryske Master of Ceremony (MC) yn de hardcore housescene.

Da Mouth of Madness
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 19 augustus 1974)
berteplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre hardcore, house
sjongtaal Nederlânsk
prizen Fryske Poppriis 2016
offisjele webside
http://www.damouthofmadness.com/

Van Daalen begûn syn karriêre tegearre mei DJ Uzi. Yn it earstoan foarmen se de hiphopformaasje 2 Damn Dope. Yn 1994 stapten se oer op hardcore house. Harren earste optreden wie op it feest 7 Gates 2 Hell yn Deinum, koart dêrnei folge troch in optreden op Thunderdome on tour. Harren optreden op dit feest late ta fierdere gearwurking mei organisator ID&T. Yn 1996 stiene se tegearre op Thunderdome '96 yn Ljouwert, Mysteryland, The Love Parade yn Berlyn en se reizgen op mei Thunderdome on Tour. Yn 1997 waard Van Daalen neist Gabber Piet ien fan de presintators fan TMF’s Hakkeeh, wêrmei’t hy mear as 42 ôfleveringen makke hat. Neidat Gabber Piet it programma ferliet de hy de presintaasje mei Richard Koek (Drokz).

Solokarriêre bewurkje seksje

Ek as solo-artyst wie hy presintator fan ûnder oare Thunderdome, Defqon.1, Mysteryland, Dominator, Masters of Hardcore en Qbase. Letter waard hy benammen aktyf mei de Belgyske organisaasje Footworxx. Yn it bûtelân wie hy ûnder oare aktyf yn Dútslân, Belgje, Ingelân, Skotlân, Ruslân en Spanje. Yn 2012 wie hy koarte tiid lid fan The Dreamteam. Yn 2015 brocht hy it album "Old Dog New trixx" út. Dit album wie oant dan it ienige hardcore album fan in MC dat útkaam as hardcopy.

Radio Host bewurkje seksje

Hast acht jier presintearre hy tegearre mei Andre van Zuilen (MC Justice) Thunderdome Radio. Yn 2014 naam Van Daalen mei trije oare freonen it radiostasjon Gabber.FM oer. Op dit online radiostasjon hat hy elke woansdei it radioprogramma ‘’Lock and Load radio’’. En ien kear yn de moanne presintearret hy mei Andre en Arjen (MC Justice en Kosmixx) it programma ‘’Footworxx Radio’’.

Priis bewurkje seksje

Yn 2016 wûn Da Mouth of Madness de Fryske Poppriis.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: