Wâldrock
Wâldrock wie in jierliks metal-festival fan ien dei dat alle jierren yn Burgum holden waard op in terrein tusken Burgum en Hurdegaryp. It festival wie alle jierren. It festival begûn yn 1988 as in popfestival, mar sûnt 1991 spilen der benammen metal-, hardrock- en gothicbands. It festival waard om de sfear te bewarjen beheind holden ta maksimaal 12.000 minksen. Dochs hie Wâldrock yn 'e rin fan de tiid ferskate grutte bands, as Iron Maiden, Motörhead Slayer, Heaven & Hel en Rammstein hân. It festival waard alle jierren troch in Fryske band iepene. Yn juny 2010 waard bekend dat Wâldrock definityf ophâlde soe. Mei-inoar hawwe mear as 400 bands op Wâldrock spile.[1]
Wâldrock | ||
Wâldrock 2004 | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Tytsjerksteradiel | |
plak | Burgum | |
holden yn | Festivalterrein Simmerwei | |
tiid fan it jier | Simmer | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | muzykfestival | |
sjenre | metal | |
bestean | 1988 – 2009 |
Skiednis
bewurkje seksjeFan "trochsneed"-festival nei metal
bewurkje seksjeDe earste trije jierren (1988, 1989 en 1990) wie it festival noch in 'trochsneed' muzykfestival mei bands as Claw Boys Claw, de Nits en Fatal Flowers. It besikersoantal lei yn dy jierren op sa'n 1500 minsken. Doe't yn 1990 it besikersoantal net langer oprûn mar sels wat mindere, waard de koers wizige. Wâldrock 1991 waard it kearpunt yn de programmearring fan it festival: Wâldrock waard in metalfestival. Foar de edysje fan dat jier waarden ûnder mear Sepultura en Mucky Pup kontraktearre. Dizze feroaring wie in gouden greep: it tal besikers gie fan 1400 yn 1990 nei ûngefear 3000 yn 1991. De organisaasje besleat de stevige line troch te setten. Yn de jierren dêrop groeide it festival nei in lytse 5000 besikers yn 1995. In dy jierren ferskynden bands as Morbid Angel, Venom, Bad Religion, Gwar, Napalm Death en The Gathering op ot poadium.
Trochbrek
bewurkje seksjeYn 1996 makke it festival nochris in grutte stap. It besikersoantal ferdûbele nei sa'n 10.000 minsken. Foar in grut part kaam dit rekordoantal troch de line-up, mei grutte nammen as Ministry, Slayer, Fear Factory en Type O Negative. In jier letter waard befêstige dat Wâldrock in bekende namme is yn de festivalwrâld. Mei in bytsje mindere line-up as yn 1996 luts it festival dochs wer 7500 minsken. Ek yn 1998, 1999 en 2000 kamen 7500 minsken nei it festival. Publykslûkers wienen doe û.m. Dream Theater, Soulfly, Paradise- Lost, Sepultura en Mercyful Fate, The Kovenant, Nashville Pussy, Motorhead en Machine Head.
Meardere podia
bewurkje seksjeWâldrock 2002 krige alwer in feroaring: der waard in twadde poadium by makke. Met de komst fan dit (lytsere) poadium ûntstie de mooglikheid om it programma te ferbreedzjen. Dat betsjutte, dat der dat jier fyftjin bands op Wâldrock spilen, wêrûnder Within Temptation, Tristania, Alec Empire, Kreator en Agnostic Front. De reden foar de komst fan it twadde poadium lei yn de omstandichheid dat it al in oantal jierren hieltyd slimmer waard om echt grutte nammen nei Burgum te heljen. Oarsaak hjirfoar wie diels dat de grutte bands hieltyd djoerder waarden, mar ek de tanimmende konkurrinsje yn de festivalwrâld hie dêrmei te krijen. Tusken grutte festivals yn binnen- en bûtenlân en benammen Ozzfest (oer de wrâld lûkend metalfestival mei grutte bands) bleau Wâldrock noch hieltyd in relatyf lyts festival, mei in dêrby passend lytser budzjet foar bands. De 2007 edysje hie sels trije poadia. Foar it festival hie dit fierders gjin grutte gefolgen. It maksimale besikersoantal bleau 12.000 minsken. Troch dizze lytsskaligens stiet Wâldrock nammentlik bekend as 'gesellich' en 'ûntspannen'.
Frijwilligers
bewurkje seksjeWâldrock is in festival dat organisearre wurdt troch en draait op frijwilligers. Sûnder dizze frijwilligers, dy't harren mei hert en siele ynsette foar in goed ferrin fan it festival, soe it organisearjen fan Wâldrock ûnmooglik wêze. Boppedat soarget it entûsjasme fan de frijwilligers foar de gesellige sfear foar, ûnder en nei it festival.
Optredende bands
bewurkje seksjeDe iepeningsband fan Wâldrock wie steefêst in Fryske band.
De organisaasje hat foar Wâldrock ferskate grutte bands nei Burgum helle. Ferneamde bands dy't op Wâldrock spile ha binne; Iron Maiden, Motörhead, Deftones, HIM, Apocalyptica, Dimmu Borgir, Megadeth en oare bekenden.
1988 en 1989
bewurkje seksjeJier | Dei | Publyk | Terrein | Bands | Opm. |
---|---|---|---|---|---|
1988 | sneon 10 septimber |
1500 minsken | Autocrossterrein by Sumar |
Doede Bleeker · Restless · Brimstone · De Dijk · Kobus gaat naar Appelscha · Claw Boys Claw · The Nits | |
1989 | sneon 8 july |
likernôch 1500 | Sportfjilden Burgum |
Pigmeat · The Amp · Livin' Blues · Weekend at Waikiki · No Exqze · Fatal Flowers · Claw Boys Claw | As earste haadact wie China Crisis kontraktearre, doe't dy ôfseine waard Fisher Z. regele. Mar op it lêst koe die ek net en waard Claw Boys Claw wêr frege. |
1990 oant en mei 1995
bewurkje seksjeJier | Dei | Publyk | Terrein | Bands | Opm. |
---|---|---|---|---|---|
1990 | sneon 11 augustus |
likernôch 1500 |
Sportfjilden Burgum |
Reboelje · Jewel · Gringos Locos · Strawelte · Bad To The Bone · Tröckener Kecks · Kristi Rose and the Midnight Walkers · Pigmeat | |
1991 | sneon 22 juny |
likernôch 3000 |
Sportfjilden Burgum |
Glasnost · Skyclad · Incursion Dementa · Heathen · Scat Opera · Mucky Pup · Candlemass · Sacred Reich · Sepultura | |
1992 | sneon 4 july |
sa'n 3300 minsken |
Sportfjilden Burgum |
Dust Devil · Messiah · Killers · Xentrix · Pestilence · Nuclear Assault · Paradise Lost · Morbid Angel | |
1993 | sneon 3 july |
likernôch 3700 |
Sportfjilden Burgum |
Megakronkel · Psychotic Waltz · The Gathering · Sevent Sign · Lawnmower Deth · Deicide · Toy Dolls · Voivod · Bad Religion · Death | |
1994 | sneon 9 july |
likernôch 4200 |
Terrein oan de Simmerwei |
Omission · Anathema · Skintrade · Gorefest · NOFX · Napalm Death · Sick of It All · Obituary · Gwar | terrein skean tsjinoer de letter lokaasje |
1995 | sneon 24 juny |
sa'n 4500 minsken |
Festivalterrein oan de Simmerwei |
Ancestral Sin · Madball · My Dying Bride · Pro-Pain · Benediction · Sick of It All · Machine Head · Venom | Festivalterrein oan de Simmerwei, fân no ôf de fêste lokaasje. |
1996 oant en mei 1999
bewurkje seksjeJier | Dei | Publyk | Bands | Opm. |
---|---|---|---|---|
1996 | sneon 29 juny |
10.000 | Hideous Sun Demons · Morbid Angel · Gorefest · Madball · Downset. · Life of Agony · Type O Negative. Fear Factory en Slayer | útferkocht |
1997 | sneon 28 juny |
sa'n 7.000 |
Cone · Lagwagon · Grip Inc. · Napalm Death · Cradle of Filth · Biohazard · The Gathering · Rammstein · Megadeth | |
1998 | sneon 27 juny |
likernôch 8.000. |
Pro-Pain · Dimmu Borgir · Obituary · Two · Soulfly · Paradise Lost · Dream Theater | Dat jier soene Marilyn Manson en Savatage ek komme mar die seine yn de wike foar wâldrock ôf. |
1999 | sneon 3 july |
in lytse 6.000 besikers |
My Minds Mine · Deviate · Urban Dance Squad · Altar · In Flames · HammerFall · Immortal · Mercyful Fate · S. O. D. · Sepultura |
2000 oant en mei 2009
bewurkje seksje2010
bewurkje seksjeDe organisaasje hat de mooglikheden foar in trochstart fan Wâldrock sjoen. Benammen de grutte bands waarden foar de organisaasje te djoer. Dêrom waard yn juny 2010 definityf besletten om definityf op te hâlden mei Wâldrock.[1]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|