Kobus Gaat naar Appelscha

(Trochferwiisd fan Kobus gaat naar Appelscha)

Kobus Gaat naar Appelscha wie in punkband út Fryslân dy't aktyf wie yn it tiidrek 1985-1989. De namme fan de Ingelske band Frankie Goes to Hollywood joech de ynspiraasje foar de namme. Yn 1985 wint er de Kleine Prijs van Sneek, in Fryske talintejacht, wêrnei't harren debútalbum útbrocht wurdt. It bekendste nûmer fan Kobus is net represintatyf foar syn wurk: it is in cover fan 'Non, non, rien n'a changé' fan it Frânske jeugdkoar Les Poppys.

Kobus Gaat naar Appelscha
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjenre punk
bestean 1985 - 1989
prizen Lytse priis fan Snits (1985)
leden
Sang Menno Hatzmann
bas/gitaar Jan Seunnenga
gitaar/bas Kees Dijker
gitaar Reinder Kerkhof
gitaar Sytse Haima
drums Gilbert Terpstra

Yn 1988 besochten de leden mei de band yn it bûtenlân súkses te krijen, mar doe't dat net slachje woe binne sy yn 1989 mei de band opholden. De measte bandleden geane dan fierder mei oare projekten sa as Pigmeat en Trio Hell. In plande reuny healweis de jierren njoggentich waard in teloarstelling en waard al nei ien repetysje opjûn. Der ferskynde yn 2000 noch wol in cd-box "Today Appelscha Tomorrow The World" mei alle Kobus-opnamen.

Anno 2010 binne allinnich bassist/gitarist/komponist Jan Seunnenga (solo), gitarist Sytse Haima (û.o. Suskes) en drummer Gilbert Terpstra (William Seen's Transport Music) noch warber yn de muzyk. Pigmeat joech yn maart 2009 syn lêste optreden.

Albums bewurkje seksje

  • Leave This World (lp)
  • All Smooth Faces In A Fantasy World (lp)
  • All The World And His Wife (lp)
  • The World According To... (lp/ks)
  • Today Appelscha Tomorrow The World (3ks - kompilaasje)

Besetting bewurkje seksje

  • Gilbert Terpstra - drums
  • Jan Seunnenga - basgitaar/gitaar
  • Kees Dijker - gitaar/basgitaar
  • Menno Bakker (Menno Hatzmann) - sang
  • Reinder Kerkhof - gitaar
  • Sytse Haima - gitaar

Keppelings om utens bewurkje seksje