Lytse Priis fan Fryslân
De Lytse Priis fan Fryslân is in popmuzyk-priis fan Friesland Pop. Neist dizze priis is der ek de "Bandfinale" en de "Lytse Priis fan Snits".
De foarrondes fan de Lytsse priis wurde hâlden yn dit foarjier op sa'n tolve lokaasjes yn Fryslân. De ferkezings wurde yn eigen styl fan de poppoeadia hâlden. De winners fan de lokale rondes spylje yn trije heale finales, yn Snits, Drachten en Makkum, om in finaleplak. De priis bestie yn 2011 út in beker en foar € 1500,- studiotiid.
Alle sjenres en liveacts kinne meidwaan, fan hiphop, house, metal, R&B, singer-songwriter, dance, indie, reggae, rock, country oant funk en hardcore.
Meidochkritearia
bewurkje seksje- Minimaal 50% fan de band/act komt út de provinsje Fryslân
- der wurdt allinnich eigen wurk spile
- de artyst(en) hawwe noch gjin platekontrakt
- eardere winners kinne net meidwaan
Skiednis
bewurkje seksjeDe Lytse priis waard ynsteld yn 1984 en organisearre troch it Snitser poppoadium It Bolwurk, as tsjinhinger fan de grutte Priis fan Nederlân, de lanlike popmuzykwedstriid dy't in jier earder út einsetten wie. Doel fan de lytse Priis wie it kreëaren fan optreedmooglikheden foar begjinnende Fryske popartysten.
Yn 1984 bestie de Lytse Priis út ien show, nammentlik de finale yn It Bolwurk yn Snits. Mei de groei kamen der ek mear foarrondes. Dêrom droech It Bolwurk de organisaasje yn 1993 oer oan stichting Friesland Pop mei popkonsulint Sjouke Nauta. Yn 1996 wienen wol 65 ferskate acts te sjen yn de foarrondes.
Tusken 1996 - 2000 kamen de winners fan de Lytse Prizen yn de ferkate provinsjes automatysk yn de finale van de lanlike Grutte Priis fan Nederlân. Pale (winner 1996) helle dêr sels in tredde plak. Yn 2000 goaide de Grutte Priis lykwols de opset om en kamen der foarrondes, heale finales en de kategoryen Singer/Songwriter, Alternative, Dance en Hiphop. De bannen mei de provinsjale popmuzkcontests waarden trochsnien.
Friesland Pop keas der doe foar om -neist de Lytse Priis- ek sjenrespesifike ferkiezings op te setten, lykas SIX (hiphop), Northern Dance Experience (dance) en de Fryske singer/songwritercontest. De namme Lytse Priis waard dêrom yn 2005 omdoopt ta Fries Popnet Bandcontest, dêr't allinnich noch mar bandjes oan meidwaan koene.
Yn 2008 waarden alle Friesland Pop-muzykcontests gearfoege ta de Lytse Priis fan Fryslân.
Jier | Winner |
---|---|
2021 | Moonloops[1] |
2020 | Cloudsurfers |
2019 | Delore |
2018 | Lester Blackfield |
2017 | Katie Koss |
2016 | Pendants |
2015 | Abdomen |
2014 | The Homesick |
2013 | Sväva |
2012 | Yellow House 21 |
2011 | Mr. Wallace |
2010 | Alpine Pack |
2009 | De Basis |
2008 | Daily Bread |
2007 | New Killer Stars |
2006 | New Sense Memory |
2005 | Shaboon |
2004 | In Limbo |
2003 | Mullhouse |
2002 | Dik In Orde |
2001 | The Shot Mugs |
2000 | Fellaz'Vision |
1999 | P-Double Faced Band |
1998 | Femmes Vattaal |
1997 | Sippe Sibbele |
1996 | Pale |
1995 | Stephan P. Janssen |
1994 | Sex Ettek |
1993 | N.A.I. |
1992 | Les Chouchoux De La Maitresse |
1991 | Dust Devil |
1990 | The Amp |
1989 | Der Junge Werther |
1988 | Deinum |
1987 | LUL |
1986 | Christ In Concrete |
1985 | Kobus Gaat naar Appelscha |
1984 | Brimstone Butterfly - A Cursed Fortress |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |