Iron Maiden
Iron Maiden is in Ingelske heavymetalband út Londen. De band waard yn 1975 oprjochte troch Steve Harris, earder bassist fan Gypsy's Kiss en Smiler. De groep wurdt faak sjoen as ien fan de meast karakteristike en ynfloedrike fan harren streaming yn it heavymetalsjenre: de New Wave of British Heavy Metal. Iron Maiden brocht yn 1980 syn debútalbum Iron Maiden út. Fan de band binne yn totaal santjin studio-albums en trettjin live-albums ferskynd. Syn grutste súkses belibbe Iron Maiden yn de 1980-er jierren, benammen mei it album The Number of the Beast, út 1982, dat lieten as Run to the Hills en The Number of the Beast omfette.
Iron Maiden | ||
band | ||
Logo fan Iron Maiden | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
bestean | 1975 - No | |
label(s) | EMI, Parlophone | |
âld-leden | Bob Sawyer gitaar (1976-1976) Terence Rance gitaar (1975-1976) Dave Sullivan gitaar (1975-1976) Ron Matthews drums (1975-1976) Paul Day sang (1975-1977) Tony Moore toetsen (1977) Terry Wapram gitaar (1977-1977) Thunderstick drums (1977) Dennis Wilcock sang (1977-1978) Doug Sampson drums (1978-1979) Paul Cairns gitaar (1979-1980) Paul Di'Anno sang (1978-1981) Dennis Stratton gitaar (1980-1981) Clive Burr drums (1978-1982) † Blaze Bayley sang (1994-1999) Paul Todd gitaar | |
leden | ||
Sang | Bruce Dickinson | |
Gitaar | Dave Murray | |
Gitaar | Adrian Smith | |
Gitaar | Janick Gers | |
Bas | Steve Harris | |
Drums | Nicko McBrain |
Skiednis
bewurkje seksjeIron Maiden waard yn 1975 om Krysttiid hinne oprjochte troch de bassist Steve Harris neidat syn earste bands, Gypsy's Kiss en Smiler, gjin ynteresse hiene yn Steve syn selsskreaune materiaal en net te sprekken wiene oer syn aktive omspringende hâlding op it poadium. In pear moanne nei de oprjochting waard gitarist Dave Sullivan opfolge troch Dave Murray, dy't sûnt dy tiid fêst lid is. Yn 1977 waard de earste sjonger Paul Day ferfongen troch Dennis Wilcock, dy't ferantwurdlik hâlden wurdt foar it ûntstean fan in eardere ferzje fan bandmaskotte Eddie. Wilcock waard yn 1978 ferfongen troch sjonger Paul Di'Anno. De band brocht yn 1980 harren earste folsleine album út, Iron Maiden. De leden yn de tiid fan it debútalbum wiene Steve Harris (bas), Dave Murray (gitaar), Clive Burr (drums), Dennis Stratton (gitaar) en Paul Di'Anno (sang).
Yn it neijier fan 1980 waard de gitarist Dennis Stratton ferfongen troch Adrian Smith, in goede freon fan Dave Murray. Yn 1981 brocht Iron Maiden syn twadde album út: Killers. It album Killers befette de earste hits fan de band.
Tsjin de ein fan 1981 waard sjonger Paul Di'Anno lykwols ûntslein troch bandlieder Steve Harris, fanwegen Di'Anno's oermjittige drugs- en drankgebrûk en oare omstannichheden. Di'Anno waard ferfongen troch sjonger Bruce Dickinson, dy't earder by Samson spile.
It earste album mei Bruce Dickinson, The Number of the Beast yn 1982, waard in grut sukses, en wurdt oant de dei fan hjoed beskôge as in absolute klassiker yn it heavy-metalgenre. It album kaam yn it Feriene Keninkryk sels fuortendaliks op nûmer 1 binnen. Nei it sukses fan en de earste wrâldtoernee fan The Number of the Beast, moast drummer Clive Burr de drumstokjes oerdrage oan Nicko McBrain.
Healwei 1993 ferliet sjonger Dickinson de band om oan soloprojekten te wurkjen. Iron Maiden hie in djiptepunt berikt. Yn 1994 waard de jonge Blaze Bayley oanlutsen om Dickinson te ferfangen. Mei dizze sjonger brocht de band twa albums út: The X Factor (1995) en Virtual XI (1998). Bayley bliek in talintearre artyst te wêzen, mar miste de útstrieling en foaral it stimfermogen fan Bruce Dickinson. It bliek dat Bayley allergysk wie foar beskate saken, wêrtroch't toernees ynkoarte wurde moasten. Begjin febrewaris 1999 naam de band ôfskied fan Blaze Bayley en makke bekend dat Bruce Dickinson werom kaam en as in ferrassing kaam ek gitarist Adrian Smith werom, mar syn opfolger Janick Gers bleau. Dit hie ta gefolch dat Iron Maiden tenei trije gitaristen telde.
Maskotte Eddie
bewurkje seksjeEddie is de maskotte fan Iron Maiden. Hy stiet, op fjouwer útsûnderingen nei, op elke albumhoes. Hy ferskynt ek faak as in mear as libbensgrutte marionetpoppe by live-optredens.
Eddie's uterlik wie nea unifoarm, mar feroare yn 'e rin fan 'e tiid aardich, en waard tematysk oanpast oan elts nij album dat útbrocht waard. Karakteristike skaaimerken fan it gesicht, lykas it noasgebiet en de liploaze mûle mei losse tosken, bleaune altyd fierhinne behâlden.
De orizjinele Eddie wie mar in teätraal masker, dat te sjen is op de bandfoto's fan it earste Iron Maiden-album en op de hoes fan de single Running Free. By livekonserten wie de maskotte op it poadium ferbûn mei in pomp dy't ferskate soarten floeistoffen frijjaan koe. Eddie syn folsleine namme is Edward the Head, sjoch de tekst Edward T. H – op de hoes fan it album Live After Death. De rest fan syn efternamme is bedutsen mei in klute modder.
It Eddies-personaazje is ûntwurpen troch yllustrator Derek Riggs. Op de omslag fan de single Running Free út 1980 stiet in lang en meager somby-eftich wêzen op 'e eftergrûn. Doe't de band op syk wie nei in mooglike hoes foar harren earste album, kamen se yn oanrekking mei de yllustraasjes fan Derek Riggs. Dy soene úteinlik bydrage oan it artwork foar it Iron Maiden-album út 1980. De band fûn it aardich en fûn dat dat sjabloan oerienkaam mei hoe't it silhûet der oarspronklik útseach.
Derek Riggs gie fierder mei it meitsjen fan mear as 60 albumhoezen foar Iron Maiden, wêrûnder dy foar de earste acht studioalbums, trije live-albums en de boppeste helte fan de hoes foar 12e studio-album Brave new world Yn elts fan syn omslach yllustraasjes is der in no ferâldere logo brûkt, dat jild als hanteken fan Riggs - meast min ofte mear "ferburgen" yn de ôfbylding, dat in grafyske stilearring fan syn inisjalen D.R. The Brave New World-konsepten en byhearrende singles wiene it lêste wurk fan Derek Riggs foar Iron Maiden.
Eddie fynt himsels ek werom oan board fan de Ed Force One, in spesjaal omboud fleantúch wêrmei't de band by har wrâldtoernees reizge. Fan 2008 ôf ferfierde in Boeing 757 band en apparatuer nei harren optredens. By de The Book of Souls-wrâldtoernee yn 2016 brûkte de band in Boeing 747, ek mei Eddie op de sturt.
Ed Force One
bewurkje seksjeFoar harren Somewhere Back yn Time wrâldtoernee yn 2008 en 2009 bestelde Iron Maiden in Boeing 757 fan Astraeus Airlines as transportmiddel. It fleantúch waard omboud ta in kombikonfiguraasje, wêrtroch't it de band, harren bemanning en poadiumproduksje ferfiere koe, wêrtroch't de groep optrede koe yn lannen dy't foarhinne logistyk ûnberikber achte waarden. It waard ek opnij ferve mei in spesjale Iron Maiden-kleurstelling, dy't de loftfeartmaatskippij besleat te behâlden nei positive feedback fan klanten. It fleantúch, waard nei in wedstriid op de webside fan de band Ed Force One neamd, en waard flein troch Dickinson sels, om 't er ek in kommersjele loftfeartpiloat wie.
In oar fleantúch (registraasje nûmer G-STRX) waard brûkt foar The Final Frontier-wrâldtoernee yn 2011 mei in wizige kleurstelling, wêrby't it ûntwerp fan it album The Final Frontier oernommen waard.
Foar The Book of Souls-wrâldtoernee yn 2016, de band opwurdearre nei in earder Air France Boeing 747-400 jumbojet, levere troch Air Atlanta Icelandic (registraasje nûmer TF-AAK) wêrtroch't der mear romte is sûnder dat it fleantúch in grutte ferbouwing hoecht te ûndergean om de band en syn útrêsting te ferfieren.
Yn jannewaris 2022 makke Bruce Dickinson bekend dat hy de Ed Force One net langer bestjoere sil, yn oankommende toernees. Neffens de Federal Aviation Administration (FAA) en de International Civil Aviation Organization (ICAO) moatte kommersjele piloaten yn de âldens fan 65 jier ferplichte mei pensjoen gean.
Diskografy
bewurkje seksjeStudio-albums
bewurkje seksjeLive-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label |
---|---|---|
Live After Death | 14 oktober 1985 | EMI |
A Real Live One | 22 maart 1993 | |
A Real Dead One | 18 oktober 1993 | |
Live at Donington | 8 novimber 1993 | |
Rock in Rio | 25 maart 2002 | |
BBC Archives | 4 novimber 2002 | |
Beast over Hammersmith | 4 novimber 2002 | |
Death on the Road | 29 augustus 2005 | |
Flight 666 | 25 maaie 2009 | |
En Vivo! | 26 maart 2012 | |
Maiden England '88 | 25 maart 2013 | |
The Book of Souls: Live Chapter |
17 novimber 2017 | Parlophone |
Nights of the Dead, Legacy of the Beast: Live in Mexico City |
20 novimber 2020 |
Kompilaasje-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op |
---|---|
Best of the Beast | 23 septimber 1996 |
Ed Hunter | 17 maaie 1999 |
Best of the 'B' Sides | 4 novimber 2002 |
Edward the Great | 4 novimber 2002 |
The Essential Iron Maiden | 5 july 2005 |
Somewhere Back in Time The Best of: 1980 – 1989 |
12 maaie 2008 |
From Fear to Eternity The Best of 1990 – 2010 |
6 juny 2011 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|