Janick Gers

Janick Robert Gers (Hartlepool, 27 jannewaris 1957) is in Ingelsk gitarist. Hy is benammen bekend as de tredde gitarist fan Iron Maiden.

Janick Gers
Ic queue music 48px.svg sjonger en/of muzikant
Janick Gers (2010)
Janick Gers (2010)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Janick Robert Gers
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
berne 27 jannewaris 1957
berteplak Hartlepool
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
wurkpaad
sjenre Metal
ynstrumint Gitaar
jierren aktyf 1975 - No

KarriêreBewurkje

Gers begûn syn karriêre as gitarist fan de NWOBHM-band White Spirit - dy't yn 1980 syn titelleaze debútalbum útbrocht, foardat Gers yn 1981 fuortgie om him by Gillan oan te sluten, in band foarme troch de doetiidske eardere Deep Purple sjonger Ian Gillan. Nei't de band Gillan der mei ophâlden wie, folge Gers in stúdzje geasteswittenskippen foardat er by Gogmagog kaam, dêr't ek earder Iron Maiden-sjonger Paul Di'Anno en drummer Clive Burr ta hearden. It projekt soe úteinlik op neat útrinne. Gers spile dernei mei op it earste solo album Tattooed Millionaire fan Bruce Dickinson en waard yn 1990 de ferfanger fan Adrian Smith. Hy bleau ek by Iron Maiden nei't Smith wer weromkaam by de band.

PriveelibbenBewurkje

Gers waard berne yn Hartlepool, Ingelân, it Feriene Keninkryk, as soan fan in nei Ingelân emigrearre Poalsk seeman. Janick Gers is boaske mei Sandra en hat twa bêrn.

DiskografyBewurkje

AlbumsBewurkje

Album Utbrocht op Band Single(s)
White Spirit 19 septimber 1980 White Spirit High upon High,
Midnight Chaser
Tattooed Millionaire 8 maaie 1990 Bruce Dickinson Tattooed Millionaire,
All the Young Dudes,
Dive! Dive! Dive!,
Born in '58
No Prayer for the Dying 1 oktober 1990 Iron Maiden Holy Smoke,
Bring Your Daughter... to the Slaughter
Fear of the Dark 11 maaie 1992 Be Quick or Be Dead,
From Here to Eternity,
Wasting Love
The X Factor 2 oktober 1995 Man on the Edge,
Lord of the Flies
Virtual XI 23 maart 1998 The Angel and the Gambler,
Futureal
Brave New World 29 maaie 2000 The Wicker Man,
Out of the Silent Planet
Dance of Death 8 septimber 2003 Wildest Dreams,
Rainmaker
A Matter of Life and Death 25 augustus 2006 The Reincarnation of Benjamin Breeg,
Different World
The Final Frontier 13 augustus 2010 El Dorado
The Book of Souls 4 septimber 2015 Speed of Light,
Empire of the Clouds
Senjutsu 3 septimber 2021 The Writing on the Wall,
Stratego


Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: