Adrian Smith
Adrian Frederick Smith (Hackney, 27 febrewaris 1957) is in Ingelsk gitarist. Hy is benammen bekend as de gitarist fan Iron Maiden.
Adrian Smith | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Adrian Smith (2010) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Adrian Frederick Smith | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 27 febrewaris 1957 | |
berteplak | Hackney (East-Londen) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Metal | |
ynstrumint | Gitaar | |
jierren aktyf | 1972 - No |
Karriêre
bewurkje seksjeSmith wie gitarist by Urchin, dy't er ferliet om ein 1980 lid te wurden fan Iron Maiden. Killers út (1981) is it earste studio-album dêr't Smith op te hearren is. By in skoft fan Iron Maiden rjochte hy yn 1989 de band ASAP op. Begjin 1990 ferliet er Iron Maiden út ûnfrede mei de rjochting dy't de band útgie. Hy hold hielendal op mei muzyk meitsjen. Yn 1993 begûn er in eigen band, Psycho Motel. Ek dêrmei hie er gjin sukses. Dêrnei wurke Smith mei op de solo-albums Accident Of Birth (1997) en Chemical Wedding (1998) fan Bruce Dickinson (dy't ûnderwilens ek Iron Maiden ferlitten hie). Tegearre mei Dickinson kaam Smith yn 1999 werom by Iron Maiden. De Ed Hunter-toernee folge noch itselde jier.
Priveelibben
bewurkje seksjeSmith waard berne yn Hackney yn East-Londen, it Feriene Keninkryk, as de jongste yn in gesin fan trije. Syn heit wie skilder. Adrian Smith is boaske mei Nathalie Dufresne en hat trije bêrn.
Diskografy
bewurkje seksjeAlbums
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|