2 Minutes to Midnight
2 Minutes to Midnight is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Iron Maiden yn 1984 yn de Compass Point studios yn Nassau en útbrocht op it album Powerslave fan Iron Maiden út 1984. 2 Minutes to Midnight wie it twadde nûmer op it album en waard op 6 augustus 1984 útbrocht as earste single fan it album.
2 Minutes to Midnight | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Rainbow's Gold (Beckett cover) | |
artyst | Iron Maiden | |
album | Powerslave | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
útbrocht | 6 augustus 1984 | |
opnommen | Compass Point studios febrewaris – juny 1984 | |
doer | 6:04 | |
label | EMI | |
skriuwer | Adrian Smith Bruce Dickinson | |
produsint | Martin Birch | |
fideoclip | ||
Iron Maiden - 2 Minutes to Midnight (Official Video) |
Oer it nûmer
bewurkje seksje2 Minutes to Midnight is skreaun troch Adrian Smith en Bruce Dickinson; it is in protestliet oer in nukleêre kriich. It nûmer bekritisearret it ferkommersjalisearjen fan kriich, en hoe't it brûkt wurdt om de wrâldekonomy fan brânstof te foarsjen, hoe't rike politisy der direkt fan profitearje en hoe't de wrâld nei de ein fan in kriich yn in folle mindere tastân efterlitten wurdt as foardat de kriich begûn, resultearjend yn takomstige krigen en de ûntwikkeling fan sterker wapenark. De titel fan it nûmer ferwiist nei de Doomsday Clock, de symboalyske klok dy't brûkt wurdt troch it Bulletin of the Atomic Scientists oan de universiteit fan Chicago. Dy't in ôftelling fertsjintwurdiget nei in mooglike wrâldwide katastrofe.
Muzikanten
bewurkje seksje- Bruce Dickinson - Sang
- Dave Murray - Gitaar
- Adrian Smith - Gitaar
- Steve Harris - Bas
- Nicko McBrain - Drums