Type O Negative wie in Amerikaanske gothic metal band oprjochte yn 1989 yn Brooklyn. De groep ûntstie út de oerbliuwsels fan de band Carnivore.

Type O Negative
band
Type O Negative yn 2007
Type O Negative yn 2007
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal,
bestean 1989 - 2010
label(s) Roadrunner,
SPV
âld-leden Sal Abruscato (drums) (1989–1993)
leden
Sang & Bas Peter Steele
Gitaar Kenny Hickey
Toetsen Josh Silver
Drums Johnny Kelly

Muzyk bewurkje seksje

Type O Negative wie bekend troch harren drûge, morbide humor yn de teksten dy't giene oer romantyk, depresje en dea dy't mei in gauris trage muzyk begelaat waard. De styl fan de muzyk wie gothic, yn de rjochting fan doom.

Skiednis bewurkje seksje

Eardere sjonger fan Carnivore Peter Steele, foarme yn 1989 mei syn jeugdfreonen Sal Abruscato, Josh Silver, en Kenny Hickey, Type O Negative en tekenen in kontrakt by it muzyklabel Roadrunner Records. Al fluch nei it tekenjen ferskynde yn 1991 it debútalbum, "Slow, Deep and Hard"

Yn 1993 waard it album "Bloody Kisses" útbrocht, it wie harren tredde album en dat betsjutte it begjin fan it grutte sukses. It album behelle de platinum status yn de Feriene Steaten. Drummer Sal Abruscato stapte út de band en waard ferfongen troch Johnny Kelly, mei de nije drummer waard it fjirde album "October Rust" opnaam. Noch fjouwer studio-albums folgen, mar op 14 april, 2010 kaam in ein oan it sukses nei't sjonger en bassist fan de band Peter Steel op 48 jierrige leeftiid ferstoar.

Diskografy bewurkje seksje

Studio-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Label Single(s)
Slow, Deep and Hard 16 juny 1991 Roadrunner Unsuccessfully Coping with the Natural Beauty of Infidelity
The Origin of the Feces 17 maaie 1992
Bloody Kisses 17 augustus 1993 Black No. 1 (Little Miss Scare-All),
Christian Woman,
Summer Breeze
October Rust 20 augustus 1996 My Girlfriend's Girlfriend,
Love You To Death,
In Praise of Bacchus,
Cinnamon Girl (Neil Young cover)
World Coming Down 21 septimber 1999 Creepy Green Light,
Everyone I Love Is Dead,
Everything Dies
Life Is Killing Me 17 juny 2003 I Don't Wanna Be Me"
Dead Again 13 maart 2007 SPV The Profit of Doom,
September Sun

Kompilaasje-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op
The Least Worst of Type O Negative 31 oktober 2000
The Best of Type O Negative 12 septimber 2006
None More Negative 25 novimber 2011
The Complete Roadrunner Collection 1991-2003 14 novimber 2012