Neil Young
Neil Young (Toronto, Ontario, 12 novimber 1945) is in Kanadeesk sjonger, lieteskriuwer en ûndernimmer. Yn in karriêre dy't in periode fan mids jierren sechtich oant no oerkapet, hat er in mânsk oeuvre opboud dat te fergelyksen is mei dat fan Bob Dylan. Hy wurdt yn 't generaal beskôge as ien fan de artysten mei de measte ynfloed fan syn generaasje.[1]
KarriêreBewurkje
Young begûn syn optreden as soloartyst yn Kanada yn 1960, ear't er yn 1966 nei Kalifornje ferfarde, dêr't er mei Stephen Stills de band Buffalo Springfield oprjochte en letter it fjirde lid fan Crosby, Stills & Nash waard; dat wy yn 1969. Hy sette in solo karriêre op dy't rûmom in protte jûchheigerop feroarsake; syn earste album kaam yn 1968 út. Yn in karriêre dy't in periode fan mids jierren sechtich oant no oerkapet, hat er in mânsk oeuvre opboud dat te fergelyksen is mei dat fan Bob Dylan; 33 studio albums hat er levere. Benammen yn de jierren '80 hat Young in soad mei útienrinnende myzykstilen eksperimintearre en dêr is er nea mei opholden. De Rock and Roll Hall of Fame webside beskriuwt Young as "one of rock and roll’s greatest songwriters and performers".[2] Hy is twaris yntrodusearre yn de Hall of Fame: earst as a solo artyst yn 1995, en letter as lid fan Buffalo Springfield yn 1997.
Young's wurk wurdt skaaimerke troch syn typyske gitaarwurk en syn falset/tenor-sjongstim. Hoewol't er himsels begeliedet op ferskate ynstruminten, sa as piano en harmonika, wurdt syn lûd fral bepaald troch syn gitaarspyljen (akûstysk en elektrysk), dy't er somtiden melodieusk en dan wer rûch bespilet. Young hat mei in soad muzykstilen eksperimintearre, begelyks swing en elektroanyske muzyk, mar yn syn meast bekende wurk kin dochs trije haadstreamen ferdield wurde: akûstyske folk en country-rock, of fersterke hard-rock yn mei de band Crazy Horse. Wol hat Young ek eleminten fan nijere muzykstilen oernaam sa as alternative rock en grunge. Syn ynfloed op dy lêste hat him de earetitel Godfather of Grunge" besoarge.[3]
Young hat in stikmannich fils (mei)regisearre ûnder de skûlnamme Bernard Shakey, dit binne Journey Through the Past (1973), Rust Never Sleeps (1979), Human Highway (1982), Greendale (2003), en CSNY/Déjà Vu (2008). y wurket no oan in dokumintêre oer de techyk fan elektryske auto's, foarearst mei de titel Linc/Volt. It projekt bestiet ûnder mear út it ombouwen fan in Lincoln Continental út 1959 nei hybride technology; Young is fan doel om dêrmei nei Washington, D.C. te riden om sa omtinken foar miljeufreonlike technology fan politisy te freegjen.
Young is in útsprutsen pleiter foar miljeusaken en foar it wolwêzen fan lytse boeren; yn 1985 organisearre er mei it benefit concert Farm Aid. Yn 1986 holp Young mei oan it stiftsjen fan The Bridge School,[4] in ûnderwiisynstelling foar bern mei slimme ferbale en fysike beheiningen, en docht er mei oan it jierlikse Bridge School Benefitkonsert. Young wennet op syn ranch yn La Honda, Kalifornje. Hoewol't er al tsientallen jierren yn Kalifornje wennet en wurket en like faak oer de F.S. as oer syn heitelân songen hat, hinget er oan syn Kanadeesk boargerskip; hy hat nea Amerikaan wurde wollen.[5] Op 14 july 2006 waard Young ûnderskieden mei de Oarder fan Manitoba.
Young hat gearwurke mei in protte grutte artysten, sa as Bruce Springsteen, Willie Nelson, Jerry Lee Lewis, Rick James, Pearl Jam, Nils Lofgren en de Pixies.
Bob Dylan, U2, Tori Amos, Johnny Cash, Boney M., The Mission, Nick Cave, Pearl Jam en Stereophonics binne mar in pear namme fan artysten dy't Young-nûmers op harren repertôre set hawwe.
PriveeBewurkje
Neil Young is troud mei Pegi Morton. Sy hawwe twa bern, dochter (Amber), dy't lykas Young ek te lijen hat fan epilepsy, en in slim handikepte (foar it measte part ferlamme) soan (Ben). Ut in eardere relaasje mei aktrise Carrie Snodgress, waard soan Zeke berne, dy't mei in Sykte fan Little op de wrâld kaam.
Young is sûnt midden jierren 70 in entûsiast samler fan modeltreinen fan it merk Lionel. Sûnt 1994 hat er in frijwat grut oandielepakket opboud by de produsint fan dizze treinen en is er warber yn it management fan dit bedriuw. Efterhûs hat Young in hal sette litten, dêr't er (mei syn famylje) in mânske modelbaan boud hat.
DiskografyBewurkje
Mei Buffalo SpringfieldBewurkje
- 1966 Buffalo Springfield
- 1967 Buffalo Springfield Again
- 1968 Last Time Around
- 1969 Retrospective (kompilaasje)
- 1973 Buffalo Springfield (2 LP kompilaasje)
- 2001 BoxSet
Mei Crosby, Stills, Nash & YoungBewurkje
- 1970 Déjà Vu
- 1971 Four Way Street (live)
- 1974 So Far (kompilaasje)
- 1988 American Dream
- 1999 Looking Forward
- 2008 Déjà Vu Live
SoloBewurkje
- 1969 Neil Young
- 1969 Everybody Knows This is Nowhere (mei Crazy Horse)
- 1970 After the Gold Rush
- 1972 Harvest (mei The Stray Gators)
- 1972 Journey Through the Past (soundtrack)
- 1973 Time Fades Away
- 1973 Tonight's the Night (mei The Santa Monica Flyers, earst útjûn yn 1975)
- 1974 On the Beach
- 1975 Zuma (mei Crazy Horse)
- 1976 Long May You Run (Stills-Young Band; mei Stephen Stills)
- 1977 American Stars 'N Bars
- 1977 Chrome Dreams (net útbrocht)
- 1977 Decade (kompilaasje)
- 1978 Comes a Time
- 1979 Rust Never Sleeps (mei Crazy Horse)
- 1979 Live Rust (live) (mei Crazy Horse)
- 1980 Where the Buffalo Roam (soundtrack)
- 1980 Hawks and Doves
- 1981 Re-ac-tor (mei Crazy Horse)
- 1982 Trans
- 1983 Everybody's Rockin' (mei Shocking Pinks)
- 1985 Old Ways
- 1986 Landing on Water
- 1987 Life (mei Crazy Horse)
- 1988 This Note's For You (mei The Bluenotes)
- 1989 El Dorado (EP mei The Restless)
- 1989 Freedom
- 1990 Mansion On The Hill/ Don't Spook The Horse (cd-single) (mei Crazy Horse)
- 1990 Ragged Glory(mei Crazy Horse)
- 1991 Weld (mei Crazy Horse)
- 1991 Arc (EP; live) (mei Crazy Horse)
- 1992 Harvest Moon (mei The Stray Gators)
- 1993 Lucky Thirteen (kompilatie)
- 1993 Unplugged (live)
- 1994 Sleeps With Angels (mei Crazy Horse)
- 1995 Mirror Ball (mei Pearl Jam)
- 1996 Dead Man (soundtrack)
- 1996 Broken Arrow (mei Crazy Horse)
- 1997 Year of the Horse (live) (mei Crazy Horse)
- 2000 Silver & Gold
- 2000 Road Rock Vol. 1 (live mei Friends & Relatives)
- 2001 Mystery Train (kompilaasje)
- 2002 Are You Passionate? (mei Booker T. & the M.G.'s)
- 2003 Greendale (mei Crazy Horse)
- 2004 Greatest Hits (k)
- 2005 Prairie Wind
- 2006 Living With War (mei The Restless)
- 2006 Live at the Fillmore East 1970 (Neil Young Archives Performance Series, disc 02) (mei Crazy Horse)
- 2006 Living With War: "In the Beginning" (rauwe ferzjes, mei The Restless)
- 2007 Live at Massey Hall 1971 (Neil Young Archives Performance Series, disc 03)
- 2007 Chrome Dreams II
- 2008 Sugar Mountain - Live at Canterbury House 1968 (Neil Young Archives Performance Series, disc 00)
- 2009 Fork in the Road
- 2009 Live At The Riverboat 1969 (Neil Young Archives Performance Series, disc 01)
- 2009 Dreamin' Man Live '92
- 2010 Le Noise
- 2012 Americana
- 2012 Psychedelic Pill
- 2014 A Letter Home
- 2014 Storytone
- 2015 The Monsanto Years
- 2016 Bluenote Café
- 2016 Peace Trail
- 2016 Earth
- 2017 Hitchhiker
- 2017 The Visitor
DvdBewurkje
- 2000 Silver & Gold (film)
- 2000 Year of the Horse (regy Jim Jarmusch, mei Crazy Horse)
- 2000 Red Rocks Live (mei 'Friends & Relatives')
- 2001 In Berlin (mei Trans-Band)
- 2002 Rust Never Sleeps (mei Crazy Horse)
- 2003 Live at Vicar St. (bonus dvd by cd 'Greendale (Indiana)')
- 2004 Greendale (film)
- 2005 Live (mei Crazy Horse)
- 2006 Heart of Gold (regy Jonathan Demme; mei dokumintêres)
- 2006 Living with War (+ cd)
- 2006 Under Review (mei Crazy Horse)
- 2006 Live at The Fillmore East 1970 (+ cd, mei Crazy Horse)
- 2007 Live at Massey Hall 1971 (+ cd)
- 2008 Déjà Vu Live (mei Crosby, Stills & Nash, regisearre troch Neil Young
Keppelings om utensBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|