Peter Steele (pseudonym fan Petrus Thomas Ratajczyk) (Brooklyn, 4 jannewaris 1962Scranton Pennsylvania, 14 april 2010) wie in Amerikaansk bassist en sjonger. Hy waard benammen bekind as de twa meter lange bassist en sjonger fan de bands Type O Negative (1989 - 2010), en Carnivore (1983 - 1989). Op 14 april 2010 ferstoar Peter Steele yn 'e âldens fan 48 jier.

Peter Steele
sjonger en/of muzikant
Peter Steele yn 2007
Peter Steele yn 2007
persoanlike bysûnderheden
echte namme Petrus Thomas Ratajczyk
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 4 jannewaris 1962
berteplak Brooklyn
stoarn 14 april 2010
stjerplak Scranton
etnisiteit Poalsk
wurkpaad
sjenre Metal
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Basgitaar
jierren aktyf 19792010
 
Peter Steele yn 1997

Fallout (1979–1982)

bewurkje seksje

Steele begûn as 12 jierrige mei gitaarspyljen, mar stapte al nei in pear moanne oer op basgitaar. Yn 1979 rjochte Peter Steele doe noch ûnder syn echte namme Peter Ratajczyk tegearre mei gitarist John Campos, toetsenist Josh Silver en drummer Louie Beateaux de metalband Fallout op. Mei dy band brocht Steele de single Rock Hard út en de band gie yn 1982 út inoar.

Carnivore (1984-1989)

bewurkje seksje

Tegeare mei earder Fallout drummer Louie Beato rjochte Steele yn 1984 de band Carnivore op, de bandleden van Carnivore giene koart nei it útbringen fan it twadde album byinoar wei, mar kamen yn 2006 wer byinoar foar in reüny. Dat soe de opmaat wêze foar in echte trochstart, mar dat gie troch it hommels ferstjerren fan Steele yn 2010 net troch. Mei dy band brocht Peter Steele twa studio-albums út.

Type O Negative (1989-2010)

bewurkje seksje

Yn 1989 rjochte Peter Steele mei earder Fallout toetsenist Josh Silver de gothic metal band Type O Negative op. Mei dy band brocht Peter Steele sân studio-albums út.

Priveelibben

bewurkje seksje

Steele waard berne yn Brooklyn, New York, Amearika, as it sechsde bêrn yn in gesin fan seis. Syn âlden wiene fan Jeropeesk komôf. Steele hie twa psychyske problemen, en wie ferslaafd oan kokaïne en alkohol. Yn 2005 gie it geroft dat Steele ferstoarn wêze soe om't er in grêfstien mei syn namme toand waard op it webstee fan Type O Negative mei syn namme der op, mar dat bliek in publisiteitstunt te wêzen fan it nije platelabel dêr't de band foar tekene hie. Peter Steele ferstoar fiif jier letter yn de âldens fan 48 jier.

Album Utbrocht op Band Single(s)
Carnivore Novimber 1985 Carnivore Carnivore
Retaliation Septimber 1987
Slow, Deep and Hard 16 juny 1991 Type O Negative Unsuccessfully Coping with the Natural Beauty of Infidelity
The Origin of the Feces 17 maaie 1992
Bloody Kisses 17 augustus 1993 Black No. 1 (Little Miss Scare-All),
Christian Woman,
Summer Breeze
October Rust 20 augustus 1996 My Girlfriend's Girlfriend,
Love You To Death,
In Praise of Bacchus,
Cinnamon Girl (Neil Young cover)
World Coming Down 21 septimber 1999 Creepy Green Light,
Everyone I Love Is Dead,
Everything Dies
Life Is Killing Me 17 juny 2003 I Don't Wanna Be Me"
Dead Again 13 maart 2007 The Profit of Doom,
September Sun

As gastmuzikant

bewurkje seksje
Single(s) Album Utbrocht yn Mei band
Fight Fight 2002 Doro
Just Say No to Love Iommi 2000 Iommi